De jeugd hat de takomst.

SKEARNEGOUTUM Sûnt in skoft ha de Stadige Strikers yn Skearnegoutum twa jeugddammers, Hester en Hessel, femylje fan in ferneamde Stadige Striker en se begjinne it spultsje al aardich te learen

Hessel wie der dizze jûn net en Hester mocht it opnimme tsjin skriuwer Bauke Bos. Se kaam goed út de iepening en hie de kop der goed by en rekke in houtsje foar en dan is it saak om dit foar te bliuwen. Spitigernôch makke se yn it einspul in flaterke en moast se Bos de hân jaan, mar kado krige hy dizze partij net, wat fansels hartstikke moai is. Ten earste is it it moaiste om de partij te winnen nei in moaie striid en ten twadde is it moai dat se har holle sa goed brûkt. Hooplik giet dizze jongfaam moai troch mei it Fryske damjen, want dy’t de jeugd hat hat de takomst.
 
Har omke wie gau út want dy ferseach him al gau yn de iepening fan it spul tsjin Sjoerd Jan Bakker, dy’t der fansels gau ried mei wist. Ek Bauke de Boer wie rillegau út tsjin Dicky van der Meer, dat rûn healwei njoggenen wie der noch mar ien spul oan ‘e gong, nammentlik dat fan Tineke Teigeler en Sjoerd Huitema. Sjoerd hat de tiid meastal goed nedich, mar dat foel no wol ta, want rûn healwei tsjienen wie ek dit spul út yn it foardiel fan Huitema en wie dizze damjûn net sa lang foar de Strikers.
 
Utslaggen:
Hester Boelens – Bauke Bos 0-1
Sjoerd Jan Bakker –Ype Boelens 1-0
Bauke de Boer – Dicky van der Meer 0-1
Tineke Teigeler – Sjoerd Huitema 0-1