Striker Ype Boelens stiicht boppe himsels út

SKEARNEGOUTUM -   De Stadige Strikers yn Skearnegoutum tochten suver al dat dy Ype Boelens begjinne soe te fleanen nei syn poerbêste resultaat tsjin de koprinner dy’t noch sûnder puntferlies wie. Hy, Jelle Wiersma, moast tastean dat Ype him in heal puntsje ûntfytmanne. Ype stiigde boppe himsels út.

Hy ferkearde yn de wolken, dat wie fansels ek hiel goed te begripen. Noch net earder dizze kompetysje hie der ek mar ien west dy’t wat fan Jelle oan punten pakke koe. En dan komt dêr Ype Boelens fan Menaem en dy strykt in bearesterke partij en rûnet dat ôf mei in prachtige heale punt oan winst. Der gongen ek gjin rare flaters fan de kant fan Jelle oan foarôf, nee in sterke partij fan beide. Faak is it sa dat Ype dan yn it lêst noch wol ris even út de bocht sjit, mar diskear net. Nee hy hold de kop der goed by. Sa no en dan eefkes nei bûten foar wat nico en tine en dan der wer plat tsjin oan. It einspul mei in stân fan fjouwer om fjouwer spande it der om. Der moast troch Boelens ien needsaaklike streek dien wurde en dy die er. Doe koe it net mear oars as kamp wurde. Beide krigen in daam. Ype hie ek noch in houtsje, mar dat koe der net mear troch. “Ik hoopje lang oer de reis nei hûs te dwaan!” sa sei Ype en fierders: “Dan kin ik der noch moai lang fan genietsje!” Moai net! Hielendal goed ,,Wat tochtste aanstens docht se it wer ferkeard!” Dat wienen de wurden fan Hennie de Haan rjochte oan de stikjeskriuwer. Op dat stuit hie se it wûn. Mar eefkes dêrfoar moast se wol goed slaan. Omdat se earder noch wol ris even hastich te wurk gong, tocht se no in hiel skoft nei en dêrnei kaam de slach. Hielendal goed. It wie in sneue saak foar Bauke Dykstra. Altiten spilet dy man in sterke en moaie partij. Dochs siicht it him faker as ien kear ta de boksen yn troch in wat sleauwe set. Faak yn it einspul. Moandeitejûn wie der wer sa’n sitewaasje. Willem Schaap stûn der foaral net better op en moast ek wat. Hy sette in moai foarlik houtsje del. Doe moast Dykstra ôfruilje oars koe Willem sterk oerdwers. Foar Bauke wie der neat oan de hân sa lang as er mar de goeien fan it boerd slaan soe. En dêr gyng it no krekt ferkeard. Hy hat fêst tocht: “Nei foaren ta, dan bin ik earder op de daam!” Dat koe no krekt net en it wie ek noch dea-ienfâldich. Willem hoegde mar ien te jaan om twa werom te pakken. Spitich want it hie net hoegd. As er nei efteren slein hie, hold er ek noch it bêste fan it spul. Utslaggen: Bauke Dykstra – Willem Schaap 0 – 1; Tjalling Goedemoed – Sjoerd Jan Bakker 1 – 0; Jelle Wiersma – Ype Boelens ½ - ½; Tineke Teigeler – Rients Winia 0 – 1; Hindrik Twynstra – Bauke Bos 0 – 1; Kees Willem Koopmans – Hennie de Haan 0 – 1; Tsjerk Wiersma – Ynte Dykstra 0 – 1.