FNP fersmyt besunigings Súdwest - Fryslân

DRYLTS - De FNP fynt dat de foarnommen besunigings fan 12 miljoen euro ûnnedich heech útpakke foar de ynwenners en ynstânsjes yn de gemeente Súdwest-Fryslân.

Ferskate ynstellingen wurde foars koarten, wylst mar 5 presint besparre wurdt op de leansom fan de eigen gemeentelike organisaasje. Neffens de FNP moatte earst de eigen taken fan de gemeente kritysk ûnder de loep nommen wurde; mei as útdaging dat gjin 5 mar 20% op de leankosten besunige wurdt, dat smyt 8 miljoen euro op. Boargemaster en wethâlders freegje de mienskip in grut offer en sizze oer harren sels: ‘in eerste instantie ligt de focus van de bezuinigingen op het terugbrengen van taken, het verbeteren van efficiency, personeelsreductie en aanpassing financiële technieken’. FNP fraksjefoarsitter Gerben Gerbrandy: ,,Dat is ús begjin 2011 ek al tasein, alles soe better, effisjinter en goedkeaper wurde, it is der noch altyd net fan kommen. It is no heech tiid dat boargemaster, wethâlders en de direksje fan de gemeente Súdwest - Fryslân harren beloften neikomme”. Sawol op lanlik- as gemeentenivo is der in krêftige rop nei in lytsere oerheid. At dat betsjut dat der minder rigels en prosedueres komme, der effisjinter wurke wurdt en de oerheid meitinkt hoe’t alles ienfâldiger kin, fynt de FNP dat in goed idee. Ald ministers Wouter Bos en Eberhart vd Laan joegen, op it VNG kongres begjin juny, ta dat it lanlik regear besuniget troch taken nei de gemeenten ôf te skowen. Dat betsjut neffens de FNP net dat de gemeente dat dan wer ien op ien trochberekkenje mei oan de boargers, ûndernimmers en ynstânsjes. FNP Súdwest - Fryslân pleitet dêrom mei de riedsfergadering fan jûn foar in effisjint wurkjende gemeente. Gerben Gerbrandy: ,,We fergje it kolleezje sels it goede foarbyld te jaan en ferwachtsje no ris gjin wurden mar dieden”.