Striker: ,,Ik ha der wer sin oan!”

SKEARNEGOUTUM - De Stadige Strikers kampioen fan foarich jier en it jier dêr foar en dêr foar meelde nei it binnenkommen fan de útnoeging foar de earste jûn: ,,Ik ha der wer sin oan. It wurdt wer kâlder en jûns is it earder tsjuster, dus tiid om te damjen!” In wike letter op de earste kompetysjejûn die wol bliken dat Jelle Wiersma der wer klear foar wie. Hy helle fuortendaliks hiel moai út tsjin de foarsitter dy’t noch nei siet te dreamen oer de moaie simmer en de hite strânen.

It klonk allegearre fertroud, de measte dammers wienen paraat yn Skearnegoutum. Fansels siet Sjoerd Jan earne oan de Midlânske See te brúnbakken mei syn Hiltsje, mar op de fergaderjûn hie er dat al oankundige. En de froulju lieten it noch wat sitte. Hennie de Haan wie ienige fan de froulike soart en sy hie it wat it damjen oanbelange maklik. Oant njoggen oere ta hat se foar kofje en tee soarge en siet se te wachtsjen op har grutte rivaal Hindrik Twynstra. Dy soe wat letter komme.... kertier foar tsienen kaam er it lokaaltsje binnenstrûzen. Doe soe Hennie krekt har sels en Bauke de Boer werom nei Snits ta bringe. It bleau foar har dizze earste jûn dus sûnder ferlies, mar ek sûnder winst. Har tsjinstanner kaam fuortendaliks mei in probleem op de proppen. Alle yn it sâlt bebiten dammers bûgden har de holle oer it fraachstik. Hoe’t se ek tochten en stinden: swart bleau de winnende partij. Neffens Twynstra moast wyt winne.... Nije wike komt nei alle gedachten de aap út de mouwe. It wie fansels sneu foar Willem Schaap. Hy damde in prachtich potsje tsjin Dicky van der Meer. Der wie oant acht om acht neat fan te sizzen. Allebeide koene se mooglik winne of miskien soe it yn kamp einigje. Doe soe Willem eefkes oerdwers, mar fergeat dêrby dat Dicky trochslaan koe. Sadwaande joech er sa mar in houtsje fuort. Foar him wie dat fansels: bale as in stekker. De partij krige sadwaande in noch net ferwachte ein. Dicky wie lykwols wol ynnommen mei it puntsje. Willem joech it dochs wol in dreun. ,,No ha ik dat ferline jier yn Easterein ek al hân en no wer!” De klap kaam dêrtroch dûbelhurd oan! Ynte Dykstra gyng op it goeie momint foar kamp. Syn tsjinstanner Bauke Dykstra (ek yn de fierte gjin famylje) like der wat better op te stean yn in fjouwer om fjouwer stân. Winst siet der no ien twa trije net yn, mar de houtsjes stûnen net ferkeard. Ynte dangele net om, mar pakte fuort ta doe’t er de remize seach. Dat siigde B.D. fansels wol wat ta de boksen yn, want dy kampmooglikheid wie him wat ûntkommen. Utslaggen. W. Schaap – D.vd Meer 0 – 1; Y. Boelens – T. Goedemoed 0 – 1; J. Wiersma – C. Kooistra 1 – 0; B. Dykstra – Y. Dykstra ½ - ½; R. Winia – J. De Jager 1 – 0; K. W. Koopmans – B. De Boer 0 – 1; T. Wiersma – B. Bos 0 – 1.