Froulju Strikers sterk útein yn it nije gebou

SKEARNEGOUTUM -  Dat wie wol efkes wennen foar de Stadige Strikers moandeitejûn. Se sieten foar de earste kear yn it nije doarpshûs fan Skearnegoutum. In oantal hie al twaentritich jier de keunsten fan it damspul yn it fertroude Elim beöefene. En oaren ek al tiden. No moasten se wenne oan de nije omstannichheden. It is krekt as mei nije skuon: se moatte earst wat ynrûn wurde. De froulju hienen dêr gjin problemen mei. Sy wûnen beide, mar ja froulju keapje ek oates en toates nije skuon.

It die fansels wol wat sear foar de grutske koprinner fan de twadde groep, Kees Willem Koopmans, dat hy syn earste potsje fan dizze kompetysje ferlear. Hy ferlear fan in âlde bekende sille wy mar sizze, want al in pear kear hie hy yn it ferline fan har ferlern. Der waard sels al wat fan in trauma sprutsen, mar ferline jier like er dy kwaal oergroeid te wêzen. No stiek it wer de kop op. Kees Willem wie himsels net, hy hat miskien tocht: “Ik pak dy Hennie de Haan wol eefkes, wat sille wy beleve!” Hennie tocht dêr hiel oars oer. Yn de wike fan de Kryst wie se noch mei har famylje op treningsstaazje west hielendal yn Limboarch. De dambuorden yn de koffer fan de auto en dêr op it fakânsje-adres dêr gyng it oan. Ferline wike yn Hartwert wie al te sjen dat se oanwûn hie. Doe ferlear se noch troch wat in sleauwichheid, mar moandei wie se skerp. Se boude in aardige foarsprong op, mar likegoed waard se hoe tichter as se by it doel fan winnen kaam sichtber senuweftiger. Uteinlik hie se twa dammen ta har beskikking en noch in houtsje en mei sa’n legermacht koe se dat iene damke fan Kees Willem wol bestride. In moaie punt. Bauke de Boer is fansels in edelmoedich man. Dat wit elk. It die moandei ek wer bliken. Yn de partij tsjin Tineke Teigeler wie hast de helte fan de houtsjes fan it boerd. Doe die Tineke, sûnder te tinken in houtsje in sko nei foaren en dat soe De Boer dan sa mei ien tsjin twa pakke kinne. Doe sei De Boer: “Lûk dat houtsje mar, werom want oars binne jo fuort ien efter!” Edelmoedich! It die de stikjeskriuwer tinken oan Grutte Willem fan Wurdem. Harry Postma damde tsjin him, mar hy hie hast gjin tiid mear. Doe sei Willem Hoekstra: “Wat no gjin tiid mear dan krijst fan my der in tweintich minuten by!” Hy pakte de klok en draaide dy in healoere werom. Edelmoedige gebearen enHarry wûn! Tineke krige fan dizze hannelswize nije moed en boppedat rekke se de spanning wat kwyt. Alle setten wienen dêrnei goed of suver goed, mar wol sa goed dat De Boer raar yn de knipe kaam. Hy koe dan ek net oars, as oan de ein fan de rit de hân jaan. Utslaggen: Ynte Dykstra – jelle Wiersma 0 – 1; Bauke Dykstra – Sjoer Jan Bakker 0 – 1; Dicky van der Meer – Ype Boelens 0 – 1; Hennie de Haan – Kees Willem Koopmans 1 – 0; Tsjerk Wiersma – Bauke Bos 0 – 1; Sven Kalsbeek – Rients Wijnia ½ -- ½; Jelle Wiersma – Cor Kooistra 1 – 0.