Jan en Marijke Arendz yn It Heechhûs

HEECH - Jan en Marijke Arendz komme sneitemiddei 9 maart fan 16.00 oere ôf mei de foarstelling Sterk Staaltsje yn it Heechhûs fan Heech.

In minske sit fol ferhalen: fan hearren en sizzen, sels meimakke of troch oerlevering; koartsein ûnfoarstelbere oantallen prachtige wierbarde ferhalen, dy’t troch de fertellers faak noch mear kleur meikrije: sterke staaltsjes... Jan Arendz en Marijke Geertsma hawwe in pear jier lyn fan in protte minsken út ferskate doarpen en stêden soksoarte moaie ferhalen heard of oanlevere krigen. Mei dit kostbere materiaal binne se oan it skriuwen slein en dat hat úteinlik resultearre yn  “Sterk Staaltsje.” Yn 2011 ha Jan en Marijke dizze ferhalen mei in protte sukses ferteld, doe noch by Tryater, mar se binne noch lang net út ferteld en pakke de tried fan it ferhaal no wer op...In moai plak om al dy ferhalen te fertellen is “oan ‘e taap yn in kafee of doarpshûs.” Sy fertelle yn “Sterk Staaltsje” ferhalen, anekdoates en grappen: sterke staaltsjes om by stil te stean, je oer te ferwûnderjen, mar foaral  ek om te laitsjen. Foar safier it no te besjen is der foar ‘Sterk Staaltsje’ in protte belangstelling. Dêrom is it oan te rieden om kaarten te reservearjen: info@itheechhus.nl of 0515-442593 graach op wurkdagen tusken 19.00 en 20.00 oere. Fanwege ôfpraat yntree jild mei it selskip is de koarting foar de Freonen fan it Heechhûs foar dizze  foarstelling net fan tapassing.