FNP sjocht folop kansen Antoniusplein Snits

SNITS -   FNP Súdwest-Fryslân sjocht folop kansen foar winkelsintrum Antoniusplein. FNP Súdwest-Fryslân fynt dat it no heech tiid is om foarút te sjen troch aktyf ûndernimmers te benaderjen om harren hjir te fêstigjen. Der is belangstelling, spitigernôch hat de ferhierder yn elts gefal ien serieuze kandidaat wegere rinnende de beswierproseduere, in miste kâns, dat moat oars.

Jelle Gerbrandy riedslid fan 'e FNP: ,,Der stiet no te ûnrjochte geskikte winkelromte leech. It is heechtiid dat de ferhierder en gemeente de striidbile begrave en mei alle partijen ynklusyf nije ynnovative winkeliers en leveransiers om tafel geane mei as útdaging it Antoniusplein nij libben yn te blazen”. Al mei al sjocht de FNP de takomst fan winkelsintrum Antoniusplein posityf temjitte.