Tryater spilet In leafde yn Heech en Ysbrechtum

Sneek - Woansdei 29 oktober om 20.00 oere spilet Tryater de foarstelling In leafde, The Bridges of Madison County mei Joke Tjalsma, Nynke Heeg en Eelco Venema yn It Heechhûs yn Heech. Tongersdei 30 oktober om 20.00 oere is de foarstelling te sjen yn It nije formidden yn Ysbrechtum. 

Nei de legindaryske ferfilming mei Clint Eastwood en Meryl Streep en de resinte musicalferzje op Broadway spilet Tryater no de allerearste toanielferzje fan R.J. Waller’s roman The Bridges of Madison County. Nynke Laverman sette de tekst oer nei it Frysk, Jos van Kan regissearret it stik. In Leafde is in leafdesferhaal. Joke Tjalsma is yn In Leafde foar it earst te sjen is by Tryater. Se spile earder yn Fryske films, mar net earder by Tryater. Werom yn it hûs fan harren jeugd op it plattelân ûntdekke broer en sus in ûngewoan leafdesferhaal. Oan de âlde keukentafel, djip yn de nacht, reitsje Michael en Carolyn hieltyd fierder ferdjippe yn it libben fan harren mem. Har grutte geheim, in romantyske leafdesrelaasje yn har houlik, komt boppe tafel. Natuerfotograaf Robert Kincaid, ‘de lêste cowboy’, reizget nei it plattelân om de oerkape brêgen te fotografearjen dy’t de provinsje Madison sa ferneamd meitsje. Hy moetet Francesca Johnson. Man en bern binne in midwike fuort en se is allinne thús. Fan dat momint ôf bloeit der in leafde op dy’t sterker is as sy beide oait foar mooglik hâlden hiene. Michael en Carolyn wurde konfrontearre mei de pynlike fraach oft wy de minsken dy’t ús nei stean eins wol echt kenne. Beide bern raffelje in leafde dy't alles te boppe giet út inoar en jouwe it in plak yn de rasjonele wrâld fan hjoed-de-dei dêr’t minsken net maklik mear leauwe yn magy. Want Francesca hat har grutte leafde úteinlik ûnbeantwurde litten en hat it koestere, wêrtroch de leafde net stikken gean koe, mar trochlibbe yn har ferbylding en fantasy. Dat fotograaf Robert Kincaid har sjoen en wurdearre hat, jout har genôch om troch te gean mei har houlik. In Leafde is in ferhaal oer langstme, dreamen en romantyk, en realiteit en opoffering.