Harksit Structuurvisie Windstreek IJsselmeer yn Drylts

DRYLTS -  Provinsjale Steaten hearre graach it betinken fan ynwenners fan Fryslân oer de plannen foar wynenerzjy yn de Iselmar. Moandeitejûn 31 maart hâldt de steatekommisje Lân, Loft & Wetter dêrom in harksit oer de  Structuurvisie Fryslân Windstreek 2014 IJsselmeer. 

  Yn 2008 ha Provinsjale Steaten it kolleezje fan Deputearre Steaten frege om nij blied foar wynenerzjy op te stellen. Dat resultearre yn de ûntwerp-struktuerfyzje Windstreek 2012. Nei oanlieding fan de reaksjes en sjochwizen op dat ûntwerp, besleat it kolleezje in 2013 om in knip te meitsjen tusken mûnen yn de Iselmar en mûnen op it fêstelân. Wat wyn op it lân oangiet, bart earst even neat. Foar wynenerzjy yn de Iselmar wurdt de proseduere wol trochset. Yn harren gearkomste fan 23 april nimme Provinsjale Steaten in definityf beslút oer dy plannen. De harksit is bedoeld as tarieding op dy beslútfoarming. Om in goed beslút nimme te kinnen, beprate de steateleden it stik earst yn de steatekommisje Lân, Loft & Wetter op 2 april 2014. Hja wolle de miening fan de ynwenners fan Fryslân dêr graach by belûke. De harksit op 31 maart fynt plak yn de riedsseal fan de gemeente Súdwest Fryslân oan de Stadslaan 75 yn Drylts. De byienkomst begjint om 19.00 oere en duorret oant 22.30 oere. As dat nedich is, sil der op tiisdeitejûn 1 april in twadde harksit wêze, ek fan 19.00 oant 22.30 oere. Yn de kommisjegearkomste fan 2 april is der dan gjin gelegenheid mear om yn te sprekken. De ynsprekkers krije elk op syn measten 5 minuten sprektiid. Wa’t ynsprekke wol, kin him of har uterlik 20 maart oanmelde by frou K. Mijnheer, sekretaris steatekommisje Lân, Loft & Wetter, e-mail k.mijnheer@fryslan.nl of telefoannûmer 058 - 2 925 133, mei opjefte fan namme, e-mailadres en eventueel de organisaasje of ynstelling dy’t fertsjintwurdi ge wurdt. Mear ynformaasje oer de plannen fine jo op www.fryslan.nl/statenvergaderingen.