Spannende striid om klupkampioenskip Frysk damjen ferwachte

SNITS - De ferienings dy't oansletten binne by it Dambûn Frysk Spul stride kommende sneon yn seal Bergsma yn Easterein wer om it klupkampioenskip. der wurdt in spannende striid ferwachte.

Ferline jier gie yn 'e kampioensklasse de heechste eare nei de damklup út Hartwert. Hoewol't de Hartwerters wer favoryt binne, is it net sein dat se dat ek wier meitsje kinne. Ferline jier wiene de ferskillen tusken de klups minimaal, sawol it kampioenskip as de degradaasje waard doe beslist op buordpunten.

Hartwert sil dan ek foaral wer rekken hâlde moatte mei Aldegea-SWF, mar de striid fan ferline jier hat sjen litten dat Lollum-Waaksens in gefaarlike outsider is. Ek spannend is wat promovendus Blauhús dwaan sil. De ploech striidt foar it earst mei op it heechste nivo en sil graach sjen litte dat de promoasje net in tafallichheidsje wie.

Oer de striid yn 'e twadde klasse binne folle minder ûnwissichheden. Skearnegoutum sil sûnder mis dúdlik meitsje dat de degradaasje fan ferline jier in fersin west hat.