Tryater spilet twa reizgjende foarstellingen rûnom Snits

Sneek - Wat jo wolle fan Tryater is tongersdei 276 oktober te sjen yn doarpshûs It Nije Formidden fan Ysbrechtum. Elkenien is in prutser, ek fan Tryater, is freed 27 oktober te sjen by Douma Staal yn Snits.

Yn beide foarstellingen giet it oer hoe’t we fierder komme yn it libben: dêr’t Wat jo wolle giet oer hoe’t we mei elkóar libje, giet Elkenien is in prutser oer de fraach hoe’tst it séls goed dochst Fjouwer akteurs sille in Wat jo Wolle op syk nei de ideale teaterjûn, mei Lourens van den Akker, Aly Bruinsma, Nynke Heeg en Ali Zijlstra. Regisseur Tatiana Pratley: ‘Wat jo wolle giet foar my oer hoe yngewikkeld it wêze kin dat wy minsken allegearre wat wolle, en hoe't it dan dochs de muoite wurdich bliuwt om te sykjen nei in manier om by inoar te kommen. Ik tink dat elke wize fan besykjen yn wêzen de muoite wurdich is. Net allinne it besykjen om in ideale teaterjûn foarm te jaan, mar ek it stribjen nei in ideale foarm om mei elkoar te libjen.'. Elkenien is in prutser giet oer de syktocht fan in generaasje (yn Fryslân). In foarstelling fan Sjoerd Blom, Romke Gabe Draaijer, Ira Judkovskaja, Raymond Muller, Eline de Vries en Brecht Wassenaar. ‘Wij zijn hier. Wij zijn nu. Wy binne tusken de 20 en 30 jier âld (Raymond net). Us heit en mem binne berne yn Fryslân. (De moeder van Raymond niet). Wy binne karnivoar (Brecht net). Wy hâlde fan silen (Eline en Brecht net). Wy wille ut goed doen. Wy wille de wereld begripe. Wy binne bang foar de dea (Sjoerd en Brecht sizze fan net). Wy prutse. En as wy it net mear witte, dan tappe wy.’ Gjin jûn is gelyk, alle foarstellingen binne premjêre. Inkele sênes binne útwurke, fierder helje de spilers ynspiraasje út harren fantasy, libben, dreamen, ferwachtingen en eangsten.