Earste damjûn eineget mei in presintsje foar de foarsitter

SKEARNEGOUTUM - De Stadige Strikers binne wer los. Ferline wike holden de Skearnegoutumer dammers harren jierfergadering en krûpten ek noch in skoftke efter de buorden. Guon dammen suver de hiele jûn. Dy wienen foar it earst by de Strikers. Fansels woenen in pear fan ’e leden dizze heit en soan graach de begjinselen fan dizze moaie damsport wol efkes bybringe.

Dy jiergearkomste ferrûn fierders prima en ôfrûne moandei moast der fuort al wer foar de punten spile wurde. Twa bestjoersleden, ponghâlder Ype Boelens en foarsitter Cor Kooistra sieten dizze jûn it langst. En foar de lêste wie der in presintsje.

Us nestor wie net oanwêzich en it liket sa dat er mooglik net wer damje sil yn it Swettehûs. Om it damjen hoecht er net wei te biuwen, want hy is noch tige skerp, mar de lea spilet him op dit stuit parten. De nijkommer fan ferline wike wie wer paraat, sûnder syn soan. Dy komt nije wike wer. De beide hearen hienen de lêste wike wakker oan it skowen west en soks heart it bestoer fansels graach.

Om werom te kommen op de bestjoersleden sille wy no fierder mei it wedstriidferslach. It wie in aparte partij tusken de ponghâlder en de foarsitter. Gjin teoretyske iepening. It wie wat apart, mar ek saai. Allbeide skoden se wat nei de kanten. Op in stuit hie de foarsitter in houtsje foarkomme kinnen. Dat seach er net. Men moat der ek wer wat yn komme fansels nei in healjier fan drûchstean. It like suver wat op in kampke út te draaien, mar dêr tocht de sinteman oars oer. Hy wie nei in efterstreek fan syn preses, krekt even wat snoader as wer dy op rekkene hie. Hy kaam mei twa houtsjes nei de daam en dêr stûnen sa mar twa fan dy agressive wolven klear om dy iene swarte wolf en twa houtsjes op te fretten.

De oare dammers gienen al nei hûs om’t se wisten dat de partij beslikke wie. Ek mei twa dammen moat men likegoed op jin iepenst wêze. De hiele wedstriid hie de ponghâlder gjin misserke makke en no gong er grouwelich yn de fout. It wie net te leauwen, mar doe’t er mei syn wite daam ûnder it swarte houtsje stean gie, koe de foaroanman syn swarte daam ek opofferje en dêrnei de twa dammen mei it oare swarte houtsje slaan. Remize! De mannen koenen elk mei in heale punt yn de pocket op reis nei hûs. De foarsitter fytste fêst lichter as dat er yn de partij ferwachte hie.

Utslaggen: Jelle Wiersma – Dicky van der Meer 1 – 0; Tineke Teigeler – Hester Boelens 1 – 0; Ype Boelens – Cor Kooistra ½ - ½; Willem Schaap – Bauke Dykstra 1 – 0; Hennie de Haan – Bauke Bos 0 – 1.