Foarljochtingsjûn stikstof yn Dearsum

DEARSUM Cor Jonkman (luchtkwaliteitskundige Omrin) en Klaas Johan Osinga (beliedsmeiwurker LTO) sille tongersdei 26 septimber 19.30 oere op in foarljochtingsjûn yn de Finne yn Dearsum mear oer de stikstof tematyk útlizze.

Je hoege deis it nijs mar te hearren en it wurd stikstof komt wol foarby. Wat opfalt is dat de stânpunten fan ferskate ynbringers oft it nedich is hjir wat oan te dwaan en wa? Mieningen rinne noch wol ris útein. Mar hoe sit dit eins?

Neist fynstof wat skealik is foar de sûnens is der in stikstofprobleem. It soarget foar libben, mar hat ek negative kanten. It stikstofoerskot heard by de top 3 miljeuproblemen fan de wrâld. Co2 is foar in soad minsken te begripen en witte dat je klimaatferoaringen hjir troch krije. Mar stikstof is in lêstiger stof en hat mear ynfloeden op ferskate gebieden.

De útspraak fan de Ried fan State oer stikstof (de Pas)jout dit al oan. Op it stuit hearre we folle oer stikstof ûnderwerpen. Bygelyks dat snelheid op snelwegen nei 120 km/oere en boerebedriuwen dy’t krimpe moatte. Foar it ministearje fan lânbou is de wurkgroep Remkes dwaande om te sjen wat foar oanpassingen der yn de PAS mooglik binne. Dochs maatregels om stikstof tebek te bringen is ien fan de problemen neffens de Habitat richtlijn dy’t foar natura 2000 gebieten jild. Der moat foar soarge wurden dat de biodiversiteit net tebek rint. Dus gjin efterútgong fan plante- en bistesoarten.

Provinsje kin hjir wis mei oan de gong en mei boeren yn oerlis oer de ynfolling fan grûnbûne lânbou (kringloop) en wetterpeil hichten yn feangebieten. Bedriuwen mear oanstjoere (mei enerzjy audits)op enerzjy sunige apparatuer en mear foarljochting oan ús as boarger troch kritysker te wezen mei ús kar foar iten en oare produkten.

Der sil dus net ien oplossing nedich wêze mar breder sjoen wurde moatte en leafst wurkje oan bronrjochte oplossingen. Koartsein der sil in omslach yn ús dwaan en litten komme moatte. Goede ynformaasjefoarsjenning is hjir wichtich.