Paul Borghaerts docht in greep nei de macht

Sneek

In pear kear hat Bauke Bos it sein:  Hast my hast ynhelle Paul. It skeelt noch mar in puntsje. Sels fynt Borghaerts ek dat er hieltiten better it spul foar it ferstân krijt. It wie in hiel lyts selskip moandeitejûn by de Styadige Strikers. Sa lyts hiene wy dat noch net meimakke. Dêr stie tsjinoer dat it tige gesellich wie. Der hong in hiele ûntspannen sfear. Spitich dat de oare helte om hokker reden dan ek net oanwêzich wêze koenen, mar ûndertusken docht Paul Borghaerts wol in greep nei de macht.

Moandeitejûn yn Skearnegoutum die er wer goeie saken. Hy moast it opnimme tsjin ien fan syn konkurrinten: Bauke Bos. It spul like moai lyk op te gean, mar Paul besocht Bauke te poatsjeheakjen. En ferdoarje, in skoftke letter pakte deselde Paul mei in echt heakje bauke even goed oan. Hy kaam fuort foar te stean en foar Bauke wie der doe eins gjin salve mear oan te striken. Bauke ferlear en moat freze dat er it earste plak kwytreitsje kin. Paul sit him yn elts gefal deun op é hûd.

Eins wie it gjin partij: dêrfoar is it ferskil yn nivo  tusken Tineke Teigeler en Dicky van der Meer eins te grut. It rekke dan ek nochal gau út.l Dêrnei koen se noch wol in potsje en miskien noch wol ien, mar Dicky hie der al wer in punt by. Hy berikt sadwaande in persoanlik kluprekôr. Safolle punten hat er noch nea hân. Dizze wike docht er mei oan Fryslân Open yn Frjentsjer. Wy hoopje dat er dêr like suksesfol wêze sil as op de klup.

De foarsitter offere himsels op om twa partijen tagelyk te damjen. Hy moast tsjin Bauke Dykstra en Sjoerd Huitema. Kooistra hie tsjin beide hearen swart. Lykwols kamen der twa hiel ferskillende partijen op de buorden. Yn it spul fan Huitema Kooistra sieten hiele moaie slaggen. Sjoerd Hyuitema liet syn tsjinstanner even skrikke mei in moai ôfruiltsje en ien foar. Dochs krige Kooistra ek wer kânsen: mear as ien. Doe’t Sjoerd in hiele moaie haal tocht te dwaan, koe Kooistra ek oars slaan en rekke in houtsje foar. Doe wie it in kwestje fan sekuer útspylje.

Yn it spul fan Dykstra ûntstie in mooglikheid foar swart om fiif om fiif ôf te ruiljen. Kooistra die it net. Hy woe der noch wat spul yn hâlde. Dat wie foar him ek mar goed, want in streek of trije letter ferraste er mei in moai slachje. Kooistra fytste mei twa grouwe punten nei hûs en hat nei alle gedachten neat fan de kjeld murken.

Utslaggen: Bauke Bos – Paul Borghaerts 0 – 1; Tineke Teigeler – Dicky van der Meer 0 – 1; Sjoerd Huitema – Cor Kooistra 0 – 1; Bauke Dykstra – Cor Kooistra 0 – 1.


Auteur

Sjoerd Stiensma (Eind)redacteur Sneeker Nieuwsblad