By de Strikers troch de gelûdsbarriêre

Scharnegoutum Foar de measte minsken is damjen in sport wêr’t by net folle sein wurdt en foaral as dat wol bard, net al te lûd. No draacht de de iene syn stim en lûd folle fierder as dat fan in oar. De ien hat no ien kear wat mear folume. Foar de measte dammers by de Stadige Strikers yn Skeanegoutum is dat gjin probleem, mar der binne ek guon dy ha der eins mar it mier oan. Sy kinne harren net konsintrearje as der wat mear lûd as gewoanwei produsearre wurdt. Se fine dat guon wat troch de gelûdsbarriêre geane. Dêr leit dan wol wat in probleemke. Guon fine it tige gesellich om ris even wat te sizzen: it makket net út wat.

Ien fan ús dammers kin him dan net genôch ta it spul sette. Dat is dan ek wol wer te begripen. Guon kinne leare mei de radio barstend hurd oan en in oar wol it mûsstil ha. It is mar moai dat der ferskillen tusken minsken sitte. De man kaam sels mei de oplossing fan it probleem: de oare kear doch ik eardoppen yn. Diskear wûn er trouwens sûnder eardopkes en as er dan aanst in fracht watten yn de earen stoppet, dan is er mooglik hielendal net mear te ferslaan. Dat is allinne mar goed, want dat ferheget it damnivo.

It wie trouwens foaral net drok. Der fertoeve noch in pear leden yn de sikebûch, ús ynternasjonale dammer moast út tsjin Aldemarrum en in oantal fan dejingen dy’t mei dogge oan de persoanlike kampioenskippen lieten de kompetysjejûn oan harren foarby gean. Der kamen sân dammers opdraven. De skriuwer hie in frije jûn en wie taskôger.

Utslaggen: Paul Borghaerts – Bauke de Boer 1 – 0; Tineke Teigeler – Ype Boelens 0 – 1; Bauke Bos – Willem Schaap 0 – 1.


Auteur

redactie