Striker Van der Meer set syn goeie foarm troch

Scharnegoutum

Sneontemoarn yn Easterein by it begjin fan de klupkampioenskippen spruts Dicky van der Meer de ferwachting út dat De Stadige Strikers hiel heech einigje soenen. Mooglik wol it heechste! Dat is fansels net sa mar klear. Dicky hie der in goed gefoel oer. Dat hie er ek oer syn eigen spul. Hy spile twa kear mei winst en ien kear ferlear er en dêr wie er min oer te sprekken. Moandeitejûn op de klupjûn yn Skearnegoutum waard dúdlik dat syn goeie foarm der noch hielendal wie.

Syn opponint Willem Schaap sit wat yn in mindere faze. Likegoed bliuwt it in drege tsjinstanner. It spul  liet de spylstyl fan beide dammers sjen. De iene kant, dy fan swart stie der sterk en deeglik op en de witen stiene wat raar útskiten oer it hiele boerd hinne. De witen hearden by Willem en de swarten by Dicky. De taskôger soe hast net oars oardiele kinne oer it spul as: Dat wint swart.  No is it lang net altiten sa, dat dejinge mei it sterke spul altiten wint. Nee dat hat faak genôch oars útpakt. Diskear net. Willem hie sa njonkelytsen gjin streek mear om te dwaan of hy moast in hout fuort jaan. Fan fuort jaan is noch nea ien ryk wurden, hat Willem tocht. Hy die in oare streek. Dy koe net. Dat toande Dicky troch suver alles fan it boerd ôf te slaan. Utslaggen. Willem Schaap – Dicky van der Meer 0 – 1; Paul Borghaerts – Tineke Teigeler 1 – 0; Bauke de Boer – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Cor Kooistra – Hennie de Haan 1 – 0; Bauke Bos – Cor Kooistra 0 – 1.

Auteur

redactie