Willem Schaap kampioen fan de Strikers

Scharnegoutum

Oan de ein fan de spannende kompetysje waard dúdlik dat Willem Schaap dit jier him de kampioen fan de Stadige Strikers neame mei. Hy waard mei in heale punt mear as good old Sjoerd Jan Bakker de nije titeldrager. Yn de twadde klasse mocht Bauke Bos him de kampioen neame. Hy prolongearre dêrmei syn titel. Hy koe syn grutste bedriger, de senior fan ’e klup, Bauke de Boer trije en in heale punt foar bliuwe. Dan binne jo echt kampioen.

De tredde plakken yn beide klassen waarden troch bysûndere dammers ynnommen. Dat wie yn de heechste groep Jelle Wiersma. Jelle Wiersma wint dochs altiten sil men jin ôffreegje. Ja dat is ek sa. Dat hie him dit jier ek wer slagge, mar dan hie er gewoan wat mear partijen damme moatten. Dit jier kaam er der lang net altiten oan ta, troch it wurk, stúdzje, de twakamp om it Frysk kampioenskip en de Fryslân Kup. Allegearre ferplichtingen dy’t foar de kompetysje geane en dan wurde jo gjin earste. It tredde plak yn de twadde groep is in hiel oar ferhaal. Op 14 jannewaris mei de klupkampioenskippen te Easterein kaam Paul Borghaert oan de praat mei it bestjoer fan de Strikers. Hy joech doe te kennen dat er de kompetysje eins wol mei damje woe. ,,En zo is het gekomen.” Op ien jûn nei hat er fan dat momint ôf alle moandeitejûnen yn Skearnegoutum sitten te damjen. Acht kompetysjejûnen yn totaal en noch in thúswedstriid tsjin Hartwert. Op alle acht jûnen spile er ien spul. Tige konsintrearre en mei leafde foar it spul. Hy ferlear de earste tsjin de lettere kampioen en spile in kear kamp tsjin de nestor. Hy wûn er seis. By de ein fan de kompetysje hie er like folle punten as Hennie de Haan, mar dy pakte itselde oantal punten út 19 partijen. Dus Paul wie mei rjocht en reden tredde. It wie syn earste dampriis dy’t er ea wûn. Mei in jûchhei-sprong naam er de priis yn ûntfangst. Prachtich. Fierders wie it in tige gesellige einjûn. Alle fjirtjin dammers wiene paraat en elk gie mei ien of mear prizen út de lotterij nei hûs. De drûge woarstekompetysje wûn Sjoerd Jan Bakker yn de earste groep en Rients Wynia yn de twadde, Utslach kompetysje; Groep 1: 1 Wiilem Schaap 12 – 16; 2 Sjoerd Jan Bakker 11½ -16; 3 Jelle Wiersma 8½ - 11; 4 Cor Kooistra 7½ -16; 5 Ype Boelens 5 – 16; 6 Dicky van der Meer 4 – 14; 7 Bauke Dykstra 2½ -11. Groep 2: 1 Bauke Bos 15½ -19; 2 Bauke de Boer 12 – 19; 3 Paul Borghaerts 6½ - 8; 4 Hennie de Haan 6½ - 19; 5 Rients Wynia 5½ - 17; 6 Tineke Teigeler 5 – 17; 6 Tsjerk Wiersma 1 – 6; 7 Marjolijn Bakker 0 – 3.

Auteur

redactie