Froulju begjinne fan har ôf te biten

Scharnegoutum

De froulju begjinne fan har ôf te biten? Ja, mar wol yn positive sin. Net dat se no as in soarte fan “bitches” it libben fan de manlju soer besykje te meitsjen. Nee dat net, mar se krije der wol hieltiten mear aardichheid der oan om dyn damjende mannen sear te dwaan op it boerd mei de hûndert fjouwerkantsjes. Beide froulju pakten moandeitejûn by de Stadige Strikers yn Skearnegoutum de hearen dammers yn. Se begjinne fan har ôf te biten.

Bauke Bos ferliest dizze kompetysje net sa faak. Noch mar in pear kear moast er it bittere fan in nederlaach priuwe. Dy fize smaak krige er moandeitejûn op ‘e nij yn de mûle, doe’t Tineke Teigeler efkes dien wurk mei him makke hie. Ja dy Tineke spile in potsje yn de warming-up ek al izersterk. Ja dizze ûntwikkeling jout hoop foar de takomst. Rients Wynia moast wer tsjin Hennie de Haan. In wike lyn wie dat ek al it gefal en doe joech Winia it spul fuort, troch syn daam del te setten op in plak dat foar him de ein fan it spul betsjutte. No koe er him revansearje. Hennie woe lykwols net mei helpe. Wol in bytsje trouwens, mar dat seach Wynia oer de kop. Al mei al luts Hennie wer oan it langste ein. Elk wie fansels bliid dat ús nestor wer yn it fermidden wie. Trije kear moast er ferstek gean litte: de gryp hie him te pakken. No wie er wer fan de partij. Hy moast it opnimme tsjin Paul Borghaerts. Dy lêste kin fansels ek in behoarlik poepke damje. Dat ha de Strikers oant no ta wol ûnderfûn. De beide mannen, de nestor en de nijkeap, makken der in moaie partij fan. Beide makken se gjin flaters en sa sa einige de partij yn kamp. Beide mannen hiene dêr wol frede mei. Utslaggen: Bauke de Boer – Paul Borghaerts ½ -- ½; Hennie de Haan – Rients Wynia 1 – 0; Tineke Teigeler – bauke Bos 1 – 0; Cor Kooistra – Dicky van der Meer 1 – 0; Ype Boelens – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1.

Auteur

redactie