Neipraat oer persoanlike kampioenskippen

Sneek

Der waard fansels by damklup de Stadige Strikers yn Skearnegoutum noch wakker neipraat oer de persoanlike kampioenskippen. Jelle Wiersma, dy’t noch kâns hat op it kampioenskip en Willem Schaap en Dicky van der Meer,, dy’t earste en twadde waarden yn de tredde acht en ek Sjoerd Jan Bakker en Ype Boelen hiene knappe risseltaten helle yn harren groep.

Ek liet Willem Schaap in skitterende stân sjen, dy’t er spile hie op de dam app en sa is wer ris te sjen wat foar moaie mooglikheden der yn it Fryske spul sitte. Mar fansels waard der ek damd. Nijkeap Paul Borghaerts moast wer tsjin Bauke Bos en woe fansels revanche nimme op de partij fan in pear wike lyn. Bos makke it himsels dreech en moast nei in skoft striken Borghaerts de hân jaan.
Rients Wijnia syn tsjinstanner hie in daam yn de koarte hoeke en hy tocht ek ien te heljen. Lykwols hie hy him fersjoen. Hy pakte Hennie har daam, mar yn de selde slach krige se in daam yn de lange hoeke. Fuort dêrnei helle reage se sawat al Wijnia syn hout fan it boerd ôf, al moast se al efkes sjen oft se de slach wol goed die en dat alle houtsjes, dy’t se slaan koe der ek ôf giene. De omstyanners seagen dat se it goed besjoen hie.
Yn it Fryske damjen kin men alle kanten út slaan en hjir wie dit in foarbyld fan. Dicky van der Meer doarde it oan om twa spullen fiif tsjin fiif, ek wol Frysk neamd, te dwaan, en wol tsjin Ype Boelens en Sjoerd Jan Bakker. Dat men rekken mei dizze man hâlde moat die no ek wer bliken. Tsjin Ype wûn er en tsjin Sjoerd Jan Bakker helle er kamp. Willem Schaap en Bauke Dijkstra hoden it ek lang fol yn in moai spul. Dijkstra seach de bui hingjen en koe net oanfalle, mar allinne ferdigenje, sa’t er sels sei. Nen ferrin fan tiid moast er weijaan om noch in kânske te hawwen. Dochs wie it tige dreech en úteinlik ferlear hy op tiid.
Twa mannen , dy’t wy amper hearden wiene Jelle Wiersma en Pieter Hoogterp, dy’t damden foar de Fryslân Cup. Jelle rûn, sa as wol faker, sa no en dan de oare spullen ris bylâns. Lang wiene se wiis mei it hout en op it lêst waard der dochs wat ôfruile. Pieter hat de tiid meastal goed nedich en rekke ien achter. De tiid waard him needlottich en sa ferlear hy de partij.
Utslaggen: H. de Haan – R. Wijnia 1-0; B. Bos – P. Borghaerts 0-1; W. Schaap – B. Dijkstra 1-0; D. v/d Meer – Y Boelens 1-0 (5 tsjin 5); D. v/d Meer – S. J. Bakker 1/2-1/2 (5 tsjin 5); J. Wiersma – P. Hoogterp 1-0 (Fryslân Cup).

Auteur

redactie