Nocht & Kriich hat Strikers fernedere

Oudega

It falt net ta om wat oan it papier ta te fertrouwen diskear. De freonskiplike útwedstriid yn Aldegea tsjin Nocht & Kriich is yn in yslike útslach  einige. De Strikers ha noch nea yn harren 36jierrich bestean sa’n pak op ’e bealch hân. Ut njoggen spul behellen se ien suterich kampke. Dêrmei wie gelokkich de ear noch rêden, mar it nimt net wei dat Nocht & Kriich mei dat resultaat de Strikers tige pynlik fernedere ha.

Yn de fuotballerij seit men nei in ferlies faak: De foarm fan ’e dei wie der net. Dêr moatte de Strikers it ek mar opgoaie. De foarm wie der net! Dat tsjin in promovendus, it moat net mâler wurde. Mooglik ha de Strikers it putsje ek wat te maklik opfetten. Allinne Rients Wynia koe it iennige heale puntsje foar de klup fertsjinje. Dêr binne syn klupgenoaten him fansels tige tankber foar. Oer de ambiânse dêr yn it Joo wie gjin ferkeard wurd op te skriuwen. De Strikers waarden mei iepen earmen troch de foarsitter ûntfongen  Dêr wie neat mis mei, mar mei it spul fan de Strikers wol. Dat kin men fan tinken wol ha. It oar jier sille wy yn Easterein út in oar fetsje taapje moatte, dat is wol dúdlik. Utslach: Nocht & Kriich – De Stadige Strikers. Folkert Groenveld – Cor Kooistra 1 – 0; Henk Haanstra – Sjoerd Jan Bakker 1 – 0; Siebe Walinga – Willem Schaap 1 – 0; Sjoerd Couperus – Bauke Dykstra 1 – 0; Willem Hoekstra – Dicky van der Meer 1 – 0; Rein Jan Walinga – Ype Boelens 1 – 0; Folkert Attema – Bauke Bos 1 – 0; Gosse de Vries – Bauke de Boer 1 – 0; Beke Haanstra – Rients Wynia ½ -- ½.

Auteur

redactie