Klupkampioenskip Frysk damjen

SNITS

It klupkampioenskip damjen Frysk spul stiet kommende sneon 14 jannewaris wer op priemmen. It sil holden wurde yn seal Bergsma yn Easterein. It kampioenskip begjint om healwei tsienen, en sil nei ferwachting oant likernôch de jûns sân oere ta duorje.

It klupkampioenskip is it jierlikse hichtepunt fan it Frysk damjen. Der dogge nei ferwachting in 100 dammers oan mei, ferdield in ploegen fan acht persoanen, dy't neffens sterkte yndield binne yn klassen fan fjouwer ploegen. Ut 'e heechste klasse moat de kampioen komme. Ferline jier gie it klupkampioenskip frijwat ferrassend nei de klup út Skearnegoutum

Auteur

redactie