Littens biedt doarpsskriuwers fúzjegemeenten kursus Frysk skriuwen oan

Wommels

Littenseradiel biedt doarpsskriuwers fúzjegemeenten kursus Frysk skriuwen oan.

De gemeente fynt it wichtich dat der Frysk skreaun wurdt yn doarpskranten. Dêrom organisearret se in kursus ‘Skriuw mar Frysk’ fan de Afûk foar skriuwers fan doarpskranten en doarpswebsides. Yn it ramt fan de weryndieling nûget Littenseradiel skriuwers fan doarskranten yn de fúzjegemeenten ek út mei te dwaan oan de kursus. Opjaan kin oant en mei 31 jannewaris. Kursus en weryndieling Om oan de weryndielingspartners sjen te litten dat it Frysk wichtich is foar Littenseradiel, hat it kolleezje besletten de kursus ek iepen te stellen foar skriuwers fan doarpskranten yn de fúzjegemeenten. Redaksjeleden fan doarpskranten út Leeuwarderadeel, Ljouwert, SúdwestFryslân, Het Bildt, Menameradiel en Franekeradeel kinne harren oanmelde foar de kursus. Stavering en taaleigen De kursus dy’t de gemeente oanbiedt, bestiet út tsien lessen wêryn de basis fan it Frysk skriuwen oan ’e oarder komt. De kursus bestiet út it behanneljen fan de wichtichste staveringsregels (NL: spellingsregels) en it tapassen dêrfan yn teksten sa’t dy by it meitsjen fan stikjes foar in doarpskrante of webside brûkt wurde. Eigen foarbylden, bygelyks resinsjes, advertinsjes, ferslaggen fan gearkomsten en sportwedstriden, kinne as kursusmateriaal brûkt wurde. Dêrneist leare de kursisten ek wat oer Frysk taaleigen; wat is wol of net geef Frysk en wat binne Nederlânske ynslûpsels. Edufrysk.nl De kursus is ynklusyf it lesboek Skriuw mar Frysk-module 1 en it boek Skriuw mar Frysk– oersjoch regels. Sa lang as de kursus duorret, kinne de kursisten fergees gebrûk meitsje fan it digitale kursusoanbod fan de Afûk op it learplatfoarm eduFrysk. Belanghawwers kinne har oant uterlik 31 jannewaris opjaan by Anneke Hoekstra, kommunikaasjeadviseur en meiwurker Frysk fan de gemeente Littenseradiel, communicatie@littenseradiel.nl of 0515 – 33 44 92. Wolle jo dan jo namme, adres, tillefoannûmer en e-mailadres trochjaan en de namme fan de doarpskrante of webside.

Auteur

redactie