PeerGrouP makket Grutte Pier lytser

KIMSWERT

Peter Harders, foarsitter fan doarpsbelang Kimswert, rint freedtejûn tefreden oer it lân fan boer Doeke Osinga, wêr't de premjêre fan it iepenloftspul Grutte Pier fan Kimswert op punt fan begjinnen stiet.

Der ha al in wike try-outs west fan it stik dat opfierd wurdt troch it lokaasjeteater fan de PeerGrouP. It publyk is entûsiast oer de optredens. Dat it in moai spektakel is giet as in rinnend fjoer troch de fiere omkriten oant Hollân oan ta. ‘It stik wurdt noch oant 2 oktober spile en der binne al mear as 6000 kaarten ferkocht’, seit Harders foar in stâltsje mei Grutte Pier oantinkens, lykas in tas mei syn byltenis, in historysk kaartspul fan Kimsert en sels geitetsiis fan de grûn fan Grutte Pier. Dirk Bruinsma, de regisseur fan Grutte Pier fan Kimswert, kaam trije jier lyn by Doarpsbelang mei it ferhaal dat it op 29 jannewaris 2015 500 jier lyn wie dat de pleats fan Pier Gerlofs Donia ôfbarnd waard troch in Saksysk leger en syn frou en soan dat net oerlibben. Harders: ‘As wy as doarp der oan meiwurkje woene. Dêr binne wy yn mei gien fansels en sjoch no; dit is in feest.’ ‘It hiele doarp is yn it spier foar Grutte Pier. Doarpshûs Piers Stee soarget foar iten en drinken by de tinte, eltse jûn binne der tachtich minsken dwaande om it ‘sirkus’ yn ‘e loft te hâlden. Mar ek oan it stik sels wurkje in soad ynwenners fan it doarp mei. Dit is wol echt in stikje mienskip. Kimswert wie altiten it plak mei it stienen byld fan Grutte Pier yn it sintrum fan it doarp, mar dat byld komt no echt ta libben’, fynt Harders. De tiden fan de legendaryske Grutte Pier binne hielendal werom. Dat begie ferline jier al mei de brân op de pleats op 29 jannewaris. De hiele tarieding nei it iepenloftspul, mar ek de grutte famyljedei fan neiteam fan Pier op 19 juny. En nei it iepenloftspul is it noch net klear mei de Pierbetinkingen. Ein takomjier wurdt de trijelûk ôfsluten mei ‘De Besinning’. Dat ferwiist nei syn tiid yn it kleaster yn Snits, dêr’t er ta besinning kaam en stoar. Nei’t men seit lizze syn stoffelike resten ûnder de flier fan de Martinitsjerke fan Snits. En yn it jier fan de Kulturele Haadstêd komme alle Pierbetinksten yn Kimswert werom mei in ekposysje yn it Frysk Museum yn Ljouwert. Undertusken wurdt it publyk by de tinte meinommen troch it leger fan de Arumer Swarte Heap en it Boerinnenkoar nei de teaterarena omheind mei tachtig beamstammen op it lân fan Osinga. De wurden ‘bûter brea en griene tsiis’ krije ynhâld, want wat witte we eins mear fan Pier dan dat er de Hollanders de dea ynjoech en stiet foar de Fryske ûnofhinkelikheid. Grutte Pier in boppe minsklik persoan, in Pipi Langkous fan de 16de ieuw, dy’t in hynder mei ien hân optille koe, alles wûn, in held. Regisseur Dirk Bruinsma set him lykwols del as in frustrearre boer, in man fan fleis en bloed, dy’t út wraak ferskriklike dingen die. It is it ferhaal efter it swurd fan Grutte Pier. Mar it is ek aktueel, want Grutte Pier koe ek samar it swurd út namme fan IS brûke. En dan is Pier ynienen in tiidgenoat yn in dekor fan reek, fjoer, in bierke oan de taap, fjochtsjende mannen en besoarge heiten en memmen, útbylde troch it Grut Frysk Boerinnekoar. En ek in man dy’t troch oaren beynfloede wurdt op syn dwaan en litten yn de persoan fan de Hertogin fan Gelre. Pier wie in gewoane boer, net in prater, mar hy liet him gek meitsje. De PeerGrouP hat Grutte Pier, geweldich spile troch Hilbert Dijkstra, wat lytser makke. Cees Walinga

Auteur

redactie