Kaartferkeap Bosk&Loftspul Aldemardum giet los

Sneek

De Kaartferkeap foar it Bosk&Loftspul Aldemardum giet moarn los.

It hiele doarp Aldemardum is al in heal jier drok dwaande mei de tariedings foar it Bosk&Loftspul Aldemardum 2016. Fan 26 maaie oant en mei sneon 4 juny sil Toanielferiening Snypsnaren it iepenloftstik ‘Reboelje yn Gaasterlân’ opfiere. It stik is skreaun troch Romke Gabe Draaijer yn gearwurking mei Snypsnaren. De bisten en de minsken fan Gaasterlân binne oeremus wannnear’t harren keninginne fermoarde is. Der moat in nije kening of keninginne keazen wurde en der komt in iepen kandidaatstelling. Johanneke Gaaikema en Jan van Swinderen jouwe harren op en geane de striid meiinoar oan. Wint de eangst it fan de leafde of de leafde fan de eangst? ‘Reboelje yn Gaasterlân’ wurdt in histoaryske en fabeleftige lokaasjefoarstelling mei in protte humor en pikefelmominten. Een foarstelling foar Gaasterlân (én omkriten), troch Aldemardum. Om alle Gaasterlânners en toanielleafhawwers in kâns te jaan om in kaart te bemachtigjen foar dit spektakel begjint de kaartferkeap tongersdei 21 april om 10 oere moarns. Kaarten binne te krijen fia www.snypsnaren.nl of by ien fan de fêste ferkeapadressen: Boekhandel Muizelaar yn Koudum, Klijnsma Verf yn Balk en by Technisch Bedrijf Bokma yn Aldemardum.

Auteur

redactie