Jelle Wiersma earste bekerkampioen Frysk damjen

Blauwhuis

BlAUHÚS - Jelle Wiersma mei him de earste bekerwinner yn it Frysk damjen neame.

De Wommelser wûn ôfrûne freed nei in spannende partij fan Taeke Kooistra (Hartwert), dy't nettsjinsteande syn 18de persoanlik kampioenskip fan okkerwyks dus dochs net ûnferslaanber bliek te wêzen. De beide topdammers wiene de iennichsten dy't nei fiif omlopen fan it yn it ôfrûne winterskoft ferspile toernoai noch net ôffallen wiene. Om de einstriid oan te klaaien hie de organisearjende Blauhúster damklup "De Skyfkes" in seal fan kluphûs Sie Sa sels omtsjoend ta in sfearfolle arena. Yn in oare seal spile him it frouljuskampioenskip ôf. Pas nei in barraazje bliek Tineke Brander (Heech) de sterkste, foar Hennie de Haan út Snits en Tineke Teigeler fan Sybrandabuorren. De ein fan it damseisoen waard kompletearre troch in einspultoernoai fan fiif tsjin fiif houtsjes. Ferrassende winner waard dêr Siebren Dyk. De Jorwerter naam yn 'e finale de sterke Folkert Groenveld (Jutryp) te fiter.

Auteur

redactie