Swimmen bliuwt fergees by Snitser Potten

Sneek

De gemeenteried fan Súdwest-Fryslân hat juster mei mearderheid ynstimd mei in, troch de FNP en Grien Links yntsjinne, moasje oer it frij en fergees tagonklik halden fan it iepenbiere part fan deirekreaasje-terrein De Potten oan de Snitser Mar.

Yn febrewaris is bestimmingspan ‘Sneek de Potten – waterskibaan’ oannommen troch de ried. Hjirta wurdt aanstons mear as de helte fan it Swimwetter fan De Potten brûkt. FNP Riedslid Klaas Visser: ,,Wy binne benaud dat yn e takomst ek de rest fan it iepenbiere deirekreaasje-terrein opoffere wurdt oan kommersjele aktiviteiten wêr dan foar betelle wurde moat. Dat ha we no keard en feilich steld”. Wethâlder Durk Stoker hat út namme fan it kolleezje tasein dat de winsk fan de Ried ek sa útfierd wurde sil.

Auteur

redactie