Jelle Wiersma fluchdamkampioen Frysk spul

Sneek

Jelle Wiersma hat it kampioenskip fluchdamjen op syn namme skreaun. De Wommelser wûn ôfrûne freed yn Skearnegoutum yn alle sân omlopen. Twadde waard Foeke Tiemensma (Frjentsjer) mei 6 punten. Marten Walinga (Waaksens) en Taeke Kooistra (Hartwert) kamen op 5 punten út.

De fjouwer toppers fan it persoanlik kampioenskip fan dit jier lieten dêrmei sjen dat se ek yn it flugge spul, mei mar 10 menuten tinktiid, ta de aldersterksten hearre. Yn dat ferbân wie it opmerklik dat Kooistra's soan Sjoerd Taeke, dy't yn 'e twadde klasse yndield wie, 5,5 punt byinoar damme. Dêrmei helle hy yn 'e totale rangskikking it tredde plak. Opfallend wie ek it optreden fan de sterke "Hollânske" dammer Jan van Dijk út Oerterp. Hy hie him noch nea by in wedstriid yn it Frysk damjen sjen litten, mar hy hie him blykber al yn dit foar him frjemde spultsje ferdjippe, want hy kaam kreas út yn 'e middenmoat mei 3,5 punt. Einstannen earste klasse: 1. Jelle Wiersma 7 punten; 2. Foeke Tiemensma 6; Taeke Kooistra en Marten Walinga 5. Twadde klasse: Sjoerd-Taeke Kooistra 5,5; Willem Schaap 5; Manfred de Wolff en Liuwe Westra 4; Jappie de Jong 3,5. Tredde klasse: Jan van Dijk, Jeljer Westra en Herman Terwisscha van Scheltinga 3,5; Bouke de Boer 3.

Auteur

redactie