'In rits te fier' in Himsterhûs

Sneek

Toanielklup ‘Op Triljende Skonken’ ynh Easthim spilet freed 29 jannewaris en sneon 30 jannewaris om 20.00 oere yn It Himsterhûs de komeedzje ‘In rits te fier’ fan Jon van Eerd, oersetten troch Baukje Stavinga. 

Tradisjoneel spilet ‘Op Triljende Skonken’ op sneontemiddei op útnoeging fan ‘Doarpsbelang Easthim’ foar de âlderein. 'In rits te fier'  k spilet him ôf op camping ‘De Wielewaal’. Eigener Harrie Vermeulen wurdt konfrontearre mei in grutte kontrôle troch de gemeente. Negative ferhalen binne yn omloop rekke en no wurdt Harrie fertocht fan it net neilibjen fan feiligens en de hygiëne op’ e camping, lykas it tastean fan morele wantastannen. It is nochal drok op’ e camping en it is net dúdlik wa’t no krekt de ynspekteur is. Nei in tal misferstannen wit Harrie einliks wa’t it is. Mar it is te let. Troch in ûngelokje ferliest de ynspekteur har geheugen. Ympulsyf nimt Harrie in gefaarlik beslút. Hy makket de ynspekteur wiis dat sy al jierren in gelokkich troud stel binne en dat se tegearre de camping runne. Fansels is it dreech dit fol te hâlden. Foaral omdat de ynspekteur ferside hâlden wurde moat foar bepaalde kampinggasten.. Genôch stof foar healwize taferelen. De spilers binne: Reina Kroes, Frida Tekstra, Hessel Willem Veldhuis, Hendrikje Sikma, Jentsje Feenstra, Sara de Jager, en Evie van Popta. Rezjy: Jan Huisman en Aafje Stolte.

Auteur

redactie