Hartwert damkampioen mei lytst mooglike ferskil

EASTEREIN

It is wol faker sa dat de dielnimmers oan it klupkampioenskip fan it Dambûn Frysk Spul inoar net folle tajouwe, mar it sil selden sa spannend west as sneon yn Easterein. De klups holden inoar finaal yn it lykwicht, en dus kaam it oan op 'e buordpunten, sadat elke partij fan direkt belang wie. En doe luts Hartwert dochs wer oan 'e langste ein.

De earste omloop hie noch wol in normaal ferrin. Hartwert wûn fan Aldegea, sels rom mei 6-2. En dat Skearnegoutum sterker wie as Lollum/Waaksens, dêr seach ek net ien fan op. Mar de twadde omloop sette alles op syn kop, en dat barde foaral yn 'e wedstriid tusken Hartwert en Lollum/Waaksens. Yn 'e foarbeskôgings wie Hartwert dochs wol as de wichtichste kampioenskandidaat tipt, en as der ien degradearje moast, dan wol de Lollumers, sa wie de ferwachting. Yndied tekenen de beide leechste Lollumer buorden al gau in nul oan. Mar doe draaide it byld. De iene nei de oare Lollumer wûn syn partij, ek bûnsfoarsitter Liuwe Westra, hoewol't dy earst sels in hout yn 't efter stie. De einútslach 6-2 stie as in hûs. En doe't dêrnei de Aldegeasters Skearnegoutum fersloegen, hiene alle ploegen ien punt. Noch sterker: se hiene ek allegearre likefolle buordpunten. Doe moast yn 'e tredde omloop de bûter jild jilde. Elke partij die der ta. It die al rillegau bliken dat de Lollumers útpoept wiene; se kamen net fierder as 2,5-5,5 tsjin Aldegea. De striid tusken de beide favoriten Hartwert en Skearnegoutum wie spannender, al draaide it wol de kant fan Hartwert út, nettsjinsteande dat earsteboerdspiler Taeke Kooistra yn 't lêst noch troch de klok gie. Utienliks hie dat gjin konsekwinsjes. Doe't de einstân opmakke waard, die bliken dat Hartwert krekt in heal buordpuntsje mear hie as Aldegea. Inselde minimale ferskil besliste oer de degradaasje. It ûnferwachtse slachtoffer bliek Skearnegoutum. Yn 'e twadde klasse we it allike spannend. Dêr hiene de fjouwer ploegen nei twa omlopen ek allegearre likefolle wedstriidpunten. It wie yn 'e lêste omloop tanksij in rom útfallen oerwinning op Hartwert II dat Blauhús op it earste plak telâne kaam, mei krekt wat mear buordpunten as De Gaastmar. It wie sadwaande foar it earst yn 'e skiednis fan 'e klup dat de Blauhústers nei it heechste nivo promovearren. Hartwert II degradearre, want dat kaam yn buordpunten wer justjes minder út as Jorwert. Dat kin takom' jier noch kurieuze tastannen opsmite, want it wie krekt in kombinaasjeploech fan datselde Hartwert mei Blauhús dy't him it sterkste betoande yn 'e tredde klasse, ek al wiene de ferskillen dêr ek wer net hiel grut. It aardige wie hjir dat der ek in ploech "Hollânske" dammers út Boalsert en Warkum meidie, en dat Lollum/Waaksens II sels in hiel kontingint echte Hollanders kontraktearre hie. Op himsels allegearre goeie dammers, mar se kamen der dochs wol efter dat de Fryske fariant fan it damjen syn eigen swierrichheden hat. Utslaggen kampioensklasse: Hartwert - Aldegea  6-2, Skearnegoutum - Lollum/Waaksens  5-3; Lollum/Waaksens - Hartwert  6-2, Aldegea - Skearnegoutum 5-3; Skearnegoutum - Hartwert 3-5, Aldegea - Lollum/Waaksens 5,5-2,5. Einstân (mei tusken heakjes it tal buordpunten): 1. Hartwert 2 (13); 2. Aldegea 2 (12,5); 3. Lollum/Waaksens 1 (11,5); 4. Skearnegoutum 1 (11). Twadde klasse: Hartwert II - Jorwert 4,5-3,5, Blauhús - De Gaastmar 5,5-2,5; De Gaastmar - Hartwert II 5,5-2,5, Jorwert - Blauhús 4,5-3,5; Blauhús - Hartwert II 5,5-2,5, Jorwert - De Gaastmar 3,5-4,5. Einstân: 1. Blauhús 2 (14,5); 2. De Gaastmar 2 (12,5); 3. Jorwert 1 (11,5); 4. Hartwert II 1 (9,5). Tredde klasse: Lollum/Waaksens II - Boalsert/Warkum 2-5, Aldegea II - Blauhús/Hartwert 4-4; Skearnegoutum II - Aldegea II 3-5, Blauhús/Hartwert - Lollum/Waaksens II 2,5-5,5; Boalsert/Warkum - Blauhús/Hartwert 3-5, Lollum/Waaksens II - Skearnegoutum II 2-6; Aldegea II - Lollum/Waaksens II 3-5, Skearnegoutum II - Boalsert/Warkum 7-1; Boalsert/Warkum - Aldegea II 4-4, Blauhús/Hartwert - Skearnegoutum II 5-3. Einstân: 1. Blauhús/Hartwert 2,5 (16,5); 2. Skearnegoutum II 2 (19); 3. Aldegea II 2 (16); 4. Lollum/Waaksens II 2 (14,5); 5. Boalsert/Warkum 1,5 (12).

Auteur

redactie