Bauke Dykstra hat ferslach dien oer syn ûnderfinings yn Frjentsjer

SKEARNEGOUTUM Boppesteande kop is foaral ornearre foar dy minsken dy op ’e hichte binne fan it damjen. Oaren soenen tinke kinne: Wie der dan wat mei Bauke Dykstra? Nee der wie neat mei Bauke, mar hy fertûfde wol hast de hiele wike te Frjentsjer. Dêr die er mei oan it Fryslân Iepen. In grut ynternasjonaal toernoai wêr’t de measte minsken gjin weet fan ha hoe’t dat yn inoar stekt.

Bauke hat syn ferhaal dien. De oare twa Strikers, wêrûnder de winner fan it toernoai, wienen net op de klupjûn.

Bûten it damjen om belibbe Bauke ek it ien en oar. De Strikers wienen yn elts gefal bliid, dat er noch sa libben as in fisk by harren  siet. Hy hie moaie spullen spile ek tsjin de bûtenlanners. No moast er it wer opnimme tsjin in Striker, te witten Willem Schaap. No dan moatte jo op jins iepenst wêze om dy der ûnder te krijen. Sa as it al sa faak bard is: Willem wûn mei in moaie slach. It hie foar Dykstra fansels hûndert kear oars kinnen, mar ja it gong sa as it gong.

Yn de partij tusken Ype Boelens en Sjoerd Huitema gong it hiel oars. Gjin grutte slaggen, mar ek gjin rare blunders, nee de mannen holden harren sels moai yn lykwicht. Op ’e klok wie dat lykwicht fier te sykjen. Ype spile sa’n bytsje op de automatyske piloat en Sjoerd moast oer alle setten goed neitinke. Dat hie fan gefogen dat Ype noch in oere op it oerwurk hie en Sjoerd noch mar tolve minuten. En de partij wie noch lang net út. Yn de lêste tweintich sekonden makke Sjoerd der kamp fan, wylst er yn in winnende posysje stie. Mar ja de winst  soe noch hiel wat tiid kostje en dat wie der net. Dus dan mar kamp. Dêr fertsjinnet Sjoerd in hiele punt mei en Ype in healen. Der moat ferskil bliuwe.

Utslaggen: Willem Schaap – Bauke Dykstra 1 – 0; Sjoerd Huitema – Ype Boelens 1 - ½;  Bauke Bos – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1;  Bauke de Boer – Hennie de Haan 1 – 0; Tineke Teigeler – Cor Kooistra 0 – 1.