FNP-er Douwe Blom yn Auditkommisje Súdwest

SNITS -Riedslid Douwe Blom is de opfolger fan Durk Stoker yn de Auditkommisje fan Súdwest-Fryslân. Dizze kommisje advisearret de ried benammen oer saken rûn de ‘planning- en controlcyclus’.

De ried is ferantwurdlik foar it oanstellen fan de akkountant en foar it fêststellen fan de jierrekken, seit Douwe Blom. De Auditkommisje ûnderhâldt foar de gemeenteried it kontakt mei de akkountant en mei de ambtlike organisaasje hjiroer. Douwe Blom hat fiif jier yn de kommisje Boarger en Mienskip sitten. Hy woe graach, doe’t de kâns him foar dy, de oerstap meitsje nei de kommisje Bestjoer en Finânsjes. ,,In logyske stap wie om derneist ek yn de Auditkommisje sitting te nimmen”, aldus de FNP-er.

Riedslid Blom is yn syn deistich wurk ferantwurdlik foar de produksjeplanningen fan ferskate fabriken. De keunst yn dit wurk is om in goede ynskatting te meitsjen fan wat wannear nedich is. ,,Ik kin dus goed mei sifers omgean, se ynterpretearre en konklúzjes lûke”, seit Douwe Blom.

In driuwfear foar him om yn de polityk te gean is om net oan de sydline te stean en kommentaar te jaan.,,mar ek sels by te dragen oan it goed funksjonearen fan it iepenbier bestjoer.”