Twa kear yn ien ferhaaltsje troch de snoade meter.

SKEARNEGOUTUM It nijs moat fansels oer de buorren. Dêrom diskear ek noch de útslaggen fan ferline wike. Troch it ûntbrekken fan ynternet fanwege it pleatsen fan de “slimme” meter koe it nijs net fierder komme as de kompjûter fan de skriuwer. No is alles wer ynoarder en is it worldwide net wer beskikber.

It opfallendste fan de lêste damjûn wie de prachtige dûbele flypflap dy’t Dicky van der Meer der úthelle yn syn boeiende partij tsjin Willem Schaap. De lêste hat hin ôfrûne wykein yn de kampioensklasse damme en Dicky rêde it net op om út de tredde acht wei te kommen. Beide feiten wienen bysûnder. Willem foar de earste kear op it heechste nivo en Dicky dy’t troch in pear blunders net fierder kaam as it fjirde plak yn de tredde acht.

Moandeitejûn seagen wy yn de partij tusken de beide mannen, dat it nivo tusken de klassen  hiel ticht by elkoar leit. Gewoanwei soe men sizze dat ien út de kampioensklasse it winne sil tsjin ien út de tredde acht. Mar nee dus. Van der Meer liet him fan syn bêste kant sjen troch Schaap even goed by de kladden te pakken. In masterlike set, oars kinne wy net sizze. De stân dy’t fansels ek op de groepsapp fan de Strikers pronke sil nije wike noch rom en breed op it boerd komme, tinkt de skriuwer. Sa’n set makket it Fryske spul sa aldermiterste moai.

Utslaggen 11-02-2019  Willem Schaap – Tineke Teigeler 1 – 0; Sjoerd Huitema – Cor Kooistra 0 – 1;Ype Boelens – Bauke Dykstra 0 – 1; Dicky van der Meer – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Dicky van der Meer – Bauke Bos 1 – 0; Bauke de Boer – Hester Boelens ½ - ½; 18-02: Dicky van der Meer – Willem Schaap 1 – 0; Sjoerd Jan Bakker – Bauke Dykstra 1 – 0; Hennie de Haan – Ype Boelens 0 – 1; Hester Boelens – Tineke Teigeler 0 – 1; Jelle Wiersma – Cor Kooistra 0 – 1; Jelle Wiersma – Tineke Teigeler 1 – 0; Neikompetysje: Bauke Bos – Bauke de Boer ½ -½.