Damtitels Jurre Jansen, Willem Kroon en Herre Klaas Ykema

ALDEGEA -Jurre Jansen, Willem Kroon en Herre Klaas Ykema ha juster by de bejinners, pupillen en jeugd de Fryske titels Frysk damjen wûn.

Tagelyk mei de lêste omloop fan it Frysk Kampioenskip yn doarpshûs It Joo spilen hielendal boppenyn tolve jonge dammers ek om de heechste eare: it kampioenskip yn ’e kategoryen jeugd, pupillen en begjinners. Yn alle klassen hiene har fjouwer spilers pleatst.

Under lieding fan Gatze Ykema, Sjouke Attema en Jurjen Frankena waard der yngreven en fûleindich strutsen, mar op it lêst wie yn alle groepen dochs hieltyd ien de bêste.

By de begjinners wie dat Jurre Jansen út Blauhús: hy wûn oertsjûgjend alle seis partijen. Net te bedamjen, sizze wy dan, en dat wie yn dit gefal terjochte.

By de pupillen gie de priis nei Willem Kroon, ek fan damklub De Skyfkes út Blauhús. Hy komt út in echt laach fan Fryske dammers en dat is altyd in goeie basis. Dat die no ek wer bliken: Willem wûn mei trije punten út trije partijen.

By de jeugd, ta beslút, liket de kampioenstsjelke wol fêst plak te hawwen by de femylje Ykema fan ’e Gaastmar: Herre Klaas Ykema wûn de priis mei oermacht. Hy en syn broer Wiebren binne beide gâns ûnthjittende jonge spilers, dêr’t wy fan hoopje dat se skielk trochgeane mei dit prachtige spul. In bysûndere earfolle fermelding moat ek makke wurde foar Hester Boelens út Snits, dy’t damt by De Stadige Strikers fan Skearnegoutum. Hja hat gjin ûnderfining as begjinner of pupil, mar is pas letter begûn. Dan is it in hiele moaie prestaasje om jin direkt al yn ’e finale te striken en dan ek noch in tredde plak te heljen.

Begjinners:

1. Jurre Jansen 6

2. Brecht Frankena 3

3. Maaike Kroon 2

4. Mette Jorritsma 1

Pupillen:

1. Willem Kroon 3

2. Wytse Zeinstra 2

3. Harmen J. Postma 1

4. Neeltje Ykema 0

Jeugd:

1. Herre Klaas Ykema 3

2. Wiebren Ykema 2

3. Hester Boelens 1

4. Eelco de Wolff 0