Trochsetters spilet klucht

BALK - It Balkster toanielselskip 'De Trochsetters' spilet op freed 22 en senon 23 febrewaris yn de Treemter yn Balk Famylje Bruinsma yn 'e bocht: 'Oantreklike hear siket frou'. Dat is in klucht fan trije bedriuwen en skreaun troch Carl Slotboom en de Fryske oersetting is fan Abele Krist

'Oantreklike hear siket frou' is de titel fan it toanielstik en de tekst boppe de kontaktadvertinsje yn 'e krante. It stik spilet har in stik of wat jierren werom ôf. Logysk oars wie d'r net in advertinsje setten yn'e krante, mar wie d'r in online-advertinsje setten op it internet of seach men wol op it hjoeddeiske tinder.

De famylje Bruinsma is net sa hip, sy ha noch nea heart fan internet, lit stean fan tinder. En ek fan de mobyle tillefoan stean se nuver te sjen. De advertinsje yn'e krante soarget foar flecht op'e koai en foar de de nedige misferstanden. Dit soarget yn kombinaasje mei harren famylje dy't ek noch te útfanhuzjen komme foar in soad hilaryske situaasjes.

De famylje Bruinsma is in bytsje in slûchslimme famylje. Sjef, de patras familias, wurd spile troch Herman Mous en docht tinken oan Onslow fan 'Keeping up appearances'. Harren soan Boris, Johannes Wagenaar, is gjin hier better. Beide heren sette harren rol fantastysk del. Krekt as Bertina Luimstra-Homma yn de rol fan Mien, in hearlik frommes mei hier op de tosken. Sy spilet de stjerren fan'e himel.