Wat is it jûn stil, ja ik doch der sels ek oan mei

SKEARNEGOUTUM - Boppesteand opskrift wie tige fan tapassing op de lêste damjûn. De Frysk dammers fan Stadige Strikers yn Skearnegoutum wienen as in blok sa stil. Utsûnderings diene har net foar. Oant it momint dat ien fan de Strikers it opmurk. Der waard wakker tocht, mar alle tinken waard net altiten beleanne. Der soenen ek dizze jûn wer ûnferklearbere flaters makke wurde. Dêr koe net ien wat fan sizze, omdat de foarsitter himsels dêryn it ferkearde foarbyld joech.

Der wie ek in steltsje dat net op rare missers te betraapjen wie. Hennie de Haan en Bauke Bos spilen hast in partij sûnder fouten. Hast! Net hielendal dus. It kwea siet him yn it sturtsje fan de partij. Elk hie in daam en in houtsje. Bauke syn daam stûn yn de lange hoeke te pronkjen en dy fan Hennie op ’e selde streek, mar dan yn de koarte hoeke. Beide hienen se noch in houtsje dat like fier fan de daamline stûn. En beide besochten se om dat houtsje ta daam te promovearjen. Hennie hie it wat dat oanbelanget wat lestiger as har tsjinstanner. Hennie moast mei dat hout oer de lange line, wêrop de daam fan Bauke it foar it sizzen hie. Se hoopte der op dat Bauke mei syn houtsje foar de daam lâns gean soe, dan koe sy ek mei harres op de lange line en dêrnei yn de lange hoeke daam skowe. Bauke seach it gefaar en helle syn wolf in plak nei foaren. Dêrnei sette er it houtsje fan Hennie op slach en doe wie it eins kamp. It wie allinne noch even in kwestje fan goed útspyljen. De earste en twadde streek fan Hennie joegen de omstanders it gefoel dat se it goed yn it snotsje hie. Se stûn yntusken nei dy twadde streek op de lange line en Bauke hie syn daam op nûmer 1. Ien ding mocht Hennie net dwaan: nei de lange hoeke reizgje en it houtsje fan Bauke op slach sette. Hennie tocht net lang nei pakte de daam en skeat nei de lange hoeke. Bauke wist doe wat er dwaan moast en luts de daam nei de oare koarte hoeke wêrtroch de daam fan Hennie him nei de slach yn de bek rûn. Spitich foar de partij en spitich foar Hennie. Hjir hie mar ien útslach op syn plak west: kamp. ,,Dat haw ik no altiten!” spriek Hennie. “Dat wurdt fannacht min sliepen!” Wy witte net of dy Ype Boelens wol sliept hat. Hy wie wakker drok oan de ein fan de jûn. Nee net yn it begjin doe hie er neat mei te dielen. Hy siet al in skoftke efter it boerd tsjin Jelle Wiersma, mar foar dat de omsitters op sjen koenen, stapte er ek al wer as in sleine soldaat troch it damsealtje. Jelle hie him even goed neisjoen en Boelens rekke suver wat fan slach. Mar net sa dat er net mear even damme woe. Hindrik Twynstra kaam frij, want dy wûn it fan Tineke. Dus beide mannen krústen de degens. Al yn it middenspul skode Hindrik even ferkeard en rekke in houtsje kwyt. Ype begûn suver op te libjen! As jo him sa hearden dan like it wol dat de takomstige kampioen oan it wurd wie. Sa hurd sil dat noch wol net rinne. Hoe dan ek, it koe net mear oars as dat er wûn. Hy hat der noch lang oer sprutsen! In bernehân is gau fol sille wy mar rekkenje. Mooglik hat syn Andrea him letter op de jûn yn Menaem noch wat delbêdzje moatten en oft er wol sliept hat falt te betwifeljen. Twa man hawwe yn elts gefal folslein bydroegen oan de stilte fan de jûn. Rients Winia en Ynte Dykstra ha harren achter it boerd setten en it omsittend laach hat harren net wer heard. As men al wat waarnom fanút dy hoeke moasten it de op folle toeren draaiende harsens wêze. Lang sieten se gear oer it spul en doe wie it út, want se joegen elkoar de hân. Ynte wûn, mar it hoe en wat is de skriuwer ûntkommen. Droktemakkers lûke mear de oandacht fan de skriuwende pers. Utslaggen. Ype Boelens – Jelle Wiersma 0 – 1; Willem Schaap – Cor Kooistra 1 – 0; Rients Winia – Ynte Dykstra 0 – 1; Hindrik Twynstra – Tineke Teigeler 1 – 0; Sjoerd Jan Bakker – Jan de Jager 1 – 0; Tjalling Goedemoed – Tsjerk Wiersma 1 – 0; Bauke Bos – Hennie de Haan 1 – 0; Bauke Dykstra – Jelle Wiersma 0 – 1; Hindrik Twynstra – Ype Boelens 0 – 1; Tsjerk Wiersma – Jan de Jager 0 – 1.