‘Nije Keningin fan de Himel’ yn Blauhûs

BLAUH - ûS Under in spesjale Mariafiering is woansdeitejûn yn de Mariakapel fan de Blauhúster Sint Vitustsjerke in nij byld pleatst.

It âlde wie yn brûklien fan It Teatskehûs en stiet dêr no yn it krekt ynfierde stiltehoekje. Pastor Arjen Jellema gie mei it nije byld foar yn prosessy nei it Mariakapeltsje wêr ûnder it sjongen fan ‘Wij groeten U, o Koningin’ en it oanstekken fan 32 kearsen it byld pleatst is. De moanne oktober is yn de Katolike Tsjerke de Maria – Roazekrâns moanne. Mei namme simmerdei stekke in protte minsken hjir oan om yn stilte in kears op te stekken en te bidden. It nije byld ‘Maria Keningin fan de Himel en mem fan God’ is finansjeel mooglik makke troch it pleatslike vd Wey fûns.