Federaasje Snits keatst yn Wolsum

WOLSUM - Rom 75 jeugd keatsers wiene yn Wolsum foar it federaasjekeatsen fan de jeugd federaasje Snits. Mei prachtich waar keatsten freedtemiddei de skoaljongens/-famkes en de jonges/famkes.

Bij de skoaljeugd stiene 6 partoer op de list en waard der troch alle parturen 3x keatst. Yn de 1e ronde wiene der spannende partijen mar yn de oare beide partijen wiene der grutte ferskillen. Nei trije omlopen hiene Johannes Reiker, Germ Wijnja en Jetze Wiersma alle partijen wûn en gongen dertroch mei de krans nei hús. Twadde wie it partoer van Tsjeard Weersma, Dewy de Jong en Reinder Reitsma mei 18 punten. By de jonges/famkes stiene 4 partoer op de list en koene poulekeatse. Nei twa omlopen koene de gebroeders Houtsma harren op meitsje foar de finale, beide hiene 2x wunt. Yn de finale keatsten Jos Houtsma, Bote Jellema en Vera Mooy tsjin Jeen Houtsma, Jan Fokke Rispens en Geldou de Boer. Oant 2-2 gie it gelyk op Jos en c.s hiene krekt wat mear gelok op 6-6 en rounen sa út en wûnen mei 5-2 6-4. Op snein keatsten de welpen en pupillen Dizze partij waard sponsore troch Mechanisatiebedr. D. Kuipers út Greonterp en Van der Wiel/ Drachten. De opkomst wie goed, it waar super en we hiene fanatieke keatsers. By de welpen wienen 12 partoeren en der waard keatst yn in winners- en ferliezersronde. Yn e 1e omloop wiene der mar leafst trije spannende partijen die eindigden op 5-5. Yn e heale finale koene Jitze Floris en Hieke Bootsma it krekt winne mei 5-5 6-2 fan Jelle Damstra en Iris Oosterbaan. Yn e finale troffen se Hugo van Schepen en Ate Schaap. Twa warbere mantsjes die goed op- en útslaan koene mar krekt op 6-6 de punten nei de tsjinstander giene en sa wûnen Jitze en Hieke mei 5-2 6-2 de krans. Yn'e ferliezersrounte rounte stien de partoeren fan Hessel Postma en Durk Bootsma tsin Erik Wijnja en Jesca Kroon troch fligend opslagwurk eindige dit op 0-5 2-6 foar Eric en Jesca. By de pupillen wienen 11 partoer. Yn de earste omloop sieten gjin spannende partijen. It partoer fan Simon v.d. Vaart, it talint by de knkbwelpenjonges, en Ilsa v.d. Meeren koe syn 1e party krekt net winne tsjin Jacob Breewsma en Johannes Sybesma it 5-5 2-6, mar it keatsen stiet by de federaasje foarop dus mochten sy troch nei de ferliezersrounte. En der kaamen se yn de finale tsjin Sytse Bram de Witte en Regina Breeuwsma die de heale finale mei 5-5 6-6, troch in opslagmisser, wunen fan Arjen Talsma en Bouwe Overwijk. Ek de finale wie dreech en eindige op 5-5 6-4 foar Simon en Ilse. Yn e winners rounte wiene net folle spannende partijen. Al hiene Feike Douwe Zijlstra en Lammert Wiersma it yn de 2e omloop al efen dreech tsjin Welmer de Boer en Janna v.d. Hoek op 5-5 6-4 koe Welmer de keats net foarby. De finale wie tusken Feike Douwe en Lammert tsjin Klaas Jan Oosterbaan en Annamar Rijpma dit gong ek gelyk op wer in protte punte mei de opslag behelle waard en ek grutte keatsen it eindige mei 5-4 6-0 en foar Feike Douwe en Lammert en koe de krans mei nei hus.