Provinsjale webside kin prate

LJOUWERT - De provinsjale webside is fernijd. In nije foarmjouwing en yndieling, in foarlêsfunksje, begryplike teksten en in goede tapassing fan ferplichte lanlike rjochtlinen moatte derfoar soargje dat de ynformaasje fluch te finen is. Ek hâlde wy rekken mei de privacy fan ‘e besikers fan de site.

Alle pagina’s hawwe in foarlêsfunksje, yn it Nederlânsk likegoed as yn it Frysk. Dêr is de site no ek tagonkliker troch foar bygelyks dyslektisi en minsken dy’t min lêze of min sjen kinne. Dat is sa’n bytsje 15% fan de Nederlânske befolking. Undersyk lit sjen dat likernôch 1,5 miljoen Nederlanners it lêzen dreech fine. Mar ek dat oerheden faak net skriuwe op harren lêsnivo. Dêrom hat de provinsje Fryslân de measte teksten werskrean, in proses dat de kommende perioade fierder trochset wurdt. In soad ynformaasje is stadichoan ek yn it Frysk beskikber. De kommende moannen sille de websidebehearders Nederlânske teksten fierder oersette nei it Frysk en oarsom. Om foar de privacy fan besikers yn te stean is der sûnt koarten in wetlik ferplichte bepaling opnommen. Besikers wurdt dêr yn frege oft sy cookies wol of net akseptearje wolle. In cookie is in lyts tekstbestantsje dat in webside op ‘e hurde skiif fan de PC fan de besiker set.