As in kat siet er te wachtsjen op syn kâns

SKEARNEGOUTUM - In kat kin somtiden skoften sitte te wachtsjen oant syn proai út it mûzegatsje komt om dan ta te slaan. Mei syn grypgrage klauwen is dan it lot fan it mûske besegele. As in kat siet Stadige Striker Hindrik Twynstra te loeren om op it goeie momint de hiele brot fan syn tsjinstanner op te romjen.

It wie in moai spul tusken boppeneamde dammer en Jan de Jager. Ferline wike kaam Twynstra noch twa oeren te let op it damtoaniel, mar moandeitejûn wie er om kertier oer sânen al paraat. De omsitters koenen oan syn hiele lichemstaal wol sjen dat er der sin oan hie. Hy lotte dus tsjin Jan de Jager. In taaie tachtiger út Snits en dy ha jo net sa mar op ’e rêch. It spul gyng moai gelyk op mei in wat bettere stân fan De Jager. Der siet ien driging yn foar de man út Snits, mar dat hie er goed foar it ferstân. Dy driging, in hiel moai heakje, liet Twynstra der fansels moai yn sitte en hy wachte geduldich ôf oant syn tsjinstanner miskien yn in tel fan ûnoplettendheid de ferkearde skowe soe. De Jager him bewust fan it gefaar bleau moai op de oare kant fan it boerd striken en Twynstra die om it slachje der yn te hâlden it selde. It swurd fan Damokles bleau sa boppe De Jager syn holle hingjen. En doe yn in sucht fan ferstânsferbjustering skode hy houtsje op fjild 1 út de hoeke wei. Nei’ t er skood hie seach er syn fout, mar hold him stil. Dat joech him neat. Twynsta sloech as in kat ta en friet de hiele hoeke leech! Ut en oer wie de partij! De Jager naam syn ferlies tige sportyf op en Twynstra koe de skuon hast net mear oanhâlde fan grutskens. In oare tachtiger út Snits, Tsjerk Wiersma, naam it op tsjin Kees Willem Koopmans. Dy Tsjerk hie foar it damjen syn doekje foar it bloeden al wiidweidich buorkundich makke. Hy hie de hiele middei sitten te skaken en soe fan it damjen wol neat te lâne bringe. Eins, sa sei er, hie ik hjir net iens hinne komme moatten. Mar hoe dan ek hy bedarre al efter it boerd. Der waard prachtich spile en oer dat skaken heardest de man net mear. It koe yn it spul alle kanten út. Oant seis om seis wie der net folle fan te sizzen. Doe die Kees Willem mei in ûngelokkige streek himsels te koart. Op syn rjochterkant koed er gjin poat mear fersette en syn houtsjes stûnen op dy kant tige ûngaadlik. Dy âld rôt fan in Tsjerk wist doe wol wat him te dwaan stûn. Hy makke it sa moaie spul fakkundich út. Utslaggen: Kees Willem Koopmans – Tsjerk Wiersma 0 – 1; Bauke de Boer – Ype Boelens 0 – 1; Hennie de Haan – Tineke Teigeler 1 – 0; Hindrik Twynstra – Jan de Jager 1 – 0; Ynte Dykstra – Bauke Bos 1 – 0; Jelle Wiersma – Willem Schaap 1 – 0; Marjolijn Bakker – Hennie de Haan 0 – 1; Bauke Dykstra – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Rients Winia – Cor Kooistra 0 – 1.