Wat soe de frou no sizze?

SKEARNEGOUTUM - De iene tocht it en de oare sei it: “Wat soe de frou fan Tsjerk no sizze?” Ferline wike gyng dizze Stadige Strikers tige fleurich nei hûs, nei de frou. Hy hie doe wûn en wie ek noch moai op tiid thús. “No krij ik fêst in pluspuntsje fan de frou!” sa sei er by it fuortgean. Ofrûne moandei gyng er ek op tiid nei hûs, mar wol mei twa grouwe ferliespunten. Soe er no ek in pluspuntsje krijeof wurdt it in mintsje?

Tsjerk moast it yn de earste partij opnimme tsjin de man, dy’t dit jier allinne mar punten garret. De iene partij nei de oare is er de boppelizzende partij. Hy hat mei gjin ien ek mar in greveltsje moederaasje. Nee punten pakke, dat is it biedwurd. No is it fansels foar de man sels mar ek foar de klup prachtich dat dizze Hindrik Twynstra sa de guit te pakken krigen hat. Yn Sânfurd wûn er ek in karrefracht oan karbonaden. Men soe der suver tsjin oan sjen om it tsjin dy man op te nimmen. Tsjerk Wiersma seach der al hielendal net tsjin oan. Hy gyng fleurich sa as altiten de striid oan. Hied er no in lang griis burd hân en in miter op ’e holle dan hienen de Strikers it noch begripe kinnen, mar no net. Hoe krige dy man it yn ’e plasse om Twynstra sa mar trije houtsjes kado te dwaan. Dat koe trije jier lyn tsjin him noch wol lije, mar no net mear. No moatte jo op jins iepenst wêze om net troch dy man yn de sek naaid te wurden. Men kin wol begripe, dat it nei dat rejale fuortjaan der foar Tsjerk gjin salve mear oan te striken wie. Hindrik Twynstra gyng dêrnei al gau nei hûs en hat no mooglik tocht oan in pluspuntsje fan ’e frou. It twadde spul soe Wiersma it goed meitsje. Hy moast tsjin Tineke Teigeler. Dy siet al in skoft te wachtsjen en hie har allinne noch fertsjinstlik makke troch kofje en tee yn te skinken. Sy hie der noch wol even sin oan. It leafst soe se diskear winne wolle, want se hie noch net it swiet fan in oerwinning preaun dizze kompetysje en dan smachte jo nei in puntsje. No dat puntsje waarden der twa, want Tsjerk gyng op deselde foet fierder . Ek no tocht er dat er de hillige bernefreon wie en hood him oan de tekst: It is better te jaan as te nimmen. Hy joech fuort mar wer in hout of trije fjouwer nei in stik of fiif streken. Tineke moch dat wol lije en doe’t se seach dat er 1 – 0 opskreaun waard, sei se: “Mar ik ha twa punten hear, Tsjerk sit in klasse heger!” Dat wie ek sa, twa grouwe punten. It soe de partij fan de jûn wurde: de beide giganten, Jelle Wiersma en Tjalling Goedemoed, tsjin elkoar. It spul wie net in partij fan allegearre moaie lopen, faltsjes, flypflapkes en heakjes. Nee Tsjalling ruile nochal gau wiidweidich ôf en sa koenen de mannen hiel gau mei it einspul begjinne. It kaam hielendal op de streek en de posysje oan. Dat koste Jelle nochal wat mear tiid as syn opponint. By fiif om fiif stûnen op Tjalling syn klok noch in lytse tritich, wylst de oare klok noch sa’n fiif minuten oer hie. Op dat stuit ruile Jelle ôf mei de wurden: “Alles of neat!” Der drige foar Goedemoed in raar faltsje. Elk fan de omsteanders gyng der fan út dat er dat wol sjen soe, mar hy seach it oer de holle, omdat er al in stik of trije, fjouwer setten fierder wie yn syn berekkening. Hy skode it hout dat er net skowe mocht en ferlear. Utslaggen: Ype Boelens – Ynte Dykstra 1 – 0; Sjoerd Jan Bakker – Cor Kooistra 0 – 1; Jelle Wiersma – Tjalling Goedemoed 1 – 0; Willem Schaap – Kees Willem Koopmans 1 – 0; Hennie de Haan – Rients Winia 0 – 1; Jan de Jager – Bauke Bos 1 – 0; Hindrik Twynstra – Tsjerk Wiersma 1 – 0; Tineke Teigeler – Tsjerk Wiersma 1 – 0.