Philippus Breuker skriuwt boek oer Greidhoeke

BOALSERT - It boek 'De greidhoeke. Lân en minsken fan 800 oant 1800 en letter' fan Philippus Breuker ferskynt op 8 desimber. It boek giet oer de Greidhoeke, it klaaigebiet fan greiden, terpen en âlde diken tusken rûchwei Ljouwert, Snits, Boalsert en Frjentsjer.

It boek bestrykt sa’n tûzen jier, fan likernôch 800 oant 1800, mei gauris in útloop nei ús tiid ta. It is skreaun yn de oertsjûging dat de kombinaasje fan kennis op ûnderskate gebieten liede kin ta nij ynsjoch, net allinnich yn de ferskillende ferskynsels sels, mar ek yn har gearhing yn de tiid. It ferbynt de grutte linen mei de meast konkrete bysûnderheden. Sintraal stiet hieltyd de fraach hoe’t dingen ûntstienen en feroaren. In soad fan earder is noch om ús hinne. Sa jout it boek net allinnich in byld fan wat west hat, mar it sil ek hieltyd wer treffe troch de parallellen mei de eigen tiid, en dat net allinnich foar de Greidhoeke. In register op persoans- en plaknammen en in fikse gearfetting yn it Nederlânsk ûntslute de rike stof. It boek hat 480 siden, is lúks útfierd yn in hurde bân en befettet mear as hûndert kleure-yllustraasjes. De skriuwer, Ph. H. Breuker wurke by de Fryske Akademy en wie bysûnder, respektivelik gewoan heechlearaar Fryske taal- en letterkunde oan de universiteiten fan Leiden en Amsterdam.