It giet sa as it giet...

SKEARNEGOUTUM - Der binne fan dy dagen dan giet it sa’t it giet en mear net. Ien fan de Stadige Strikers

helle it moaie lietsje fan Daniël Loohues oan: It giet sa as it giet. Moandeitejûn wie no net daliks in suksesjûn foar de Strikers. Der kamen mar 13 dammers opsetten. In leechterekord dit jier. Mar ja men moat sa mar tinke: it giet soms sa as it giet.
Oer it damjen falt diskear ek net it measte te melden. Guon Strikers wienen noch wat yn de sûs
fanwege de suksessen yn Jorwert de freeds derfoar. Dêrtroch wienen nei alle gedachten de twa
suksesfolle bestjoersleden op de eigen damjûn net opwoeksen tsjin harren tsjinstanners. Ponghâlder
Ype Boelens koe it lang net hâlde tsjin Sjoerd Jan Bakker en foarsitter Cor Kooistra moast oan de ein
fan de rit fan in lange partij belies jaan tsjin Bauke Dykstra. Mei oare wurden: Oan de ein fan de fûke
fangt men de fisk.

Nee dan ús skriuwer Bauke Bos. Dy hat de kleuren fan it bestjoer tenminsten noch goed ferdigene.
Hy wûn yn in deeglike partij fan Kees Willem Koopmans. Wy soenen it hjir noch wiidweidich ha kinne
oer ús nijkeap Hindrik Twynstra, mar dy man stiet altyd al mei de noas foaroan yn it nijs. Dus lit dat
mar sitte, oars rint aansten hielendal neist de skuon. Yn de útslaggen kin men wol lêze hoe’t er it der
ôfbrocht hat.

Utslaggen: Tjalling Goedemoed – Ynte Dykstra 1 – 0; Cor Kooistra – Bauke Dykstra 0 – 1; Kees Willem
Koopmans – Bauke Bos 0 – 1; Hennie de Haan – Hindrik Twynstra 0 – 1; Tineke Teigeler – Tsjerk
Wiersma 0 – 1; Ype Boelens – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Tsjerk Wiersma – Willem Schaap 0 – 1; Tineke
Teigeler – Hindrik Twynstra 0 – 1.