Advyskommisje Gysbert Japicxpriis oan it wurk

BOALSERT -  De advyskommisje foar de Gysbert Japicxpriis kin los met deryn: Jetske Bilker, Goffe Jensma en Jantsje Post.

Dizze trije Friezen út de Fryske literatuerwrâld  bûge harren oer wa’t de provinsjale kultuerpriis winne moat. Dit jier sille Jetske Bilker, Goffe Jensma en Jantsje Post advys jaan oan de provinsje. De Gysbert Japicxpriis wurdt ienris yn de twa jier takend. De iene kear foar proaza, de oare kear foar poëzy.  Yn 2011 wûn Durk van der Ploeg de Gysbert Japicxpriis foar proaza, yn 2013 giet de priis nei poëzy.