Damfavoriten nimme ôfstân

SNITS - Yn de earste twa omlopen fan it persoanlik kampioenskip Frysk damjen joegen de beide favoriten fuortdaliks har besitekaartsje ôf. De titelhâlder fan ferline jier, Jelle Wiersma út Wommels, wûn fan Augustinus van der Goot en Siebe Walinga. Hartwerter Taeke Kooistra, de man dy't jierrenlang in sportyf skrikbewâld ûnder de dammerij yn it Frysk spul fierde, krige deselde tsjinstanners foar him oer, en makke ek gjin flater.

De iennichsten dy't dit topduo noch folgje kinne binne Folkert Groenveld (Jutryp) en Marten Walinga (Waaksens). Tsjin inoar spilen se remize, mar beiden skoarden ek in fertsjinstlik punt tsjin respektyflik Foeke Tiemensma en Henk Haanstra. De lêste beset nei in knappe oerwinning op debutant Tiemensma no allinnich de middenmoat. By de twadde acht hat Tjerk Wijbinga (Arum) mei oardel punt allinnich de lieding naam. De tastân is hjir oars wat ûnoersichtlik troch it útfallen fan Kees Tijssen. Sa mooglik noch ûnoersichtliker is it by de tredde acht, dêr't Liuwe Westra (Lollum) noch twa ynhelpartijen spylje moat. Utslaggen 1ste en 2de omloop: Kampioensklasse: Augustinus van der Goot (Snits) - Jelle Wiersma (Wommels) 0-1, Siebe Walinga (Aldegea SWF) - Taeke Kooistra (Hartwert) 0-1, Foeke Tiemensma (Frjentsjer) - Folkert Groenveld (Jutryp) 0-1, Marten Walinga (Waaksens) - Henk Haanstra (Aldegea SWF) 1-0; Wiersma - Siebe Walinga 1-0, Kooistra - Van der Goot 1-0, Groenveld - Marten Walinga 0,5-0,5, Haanstra - Tiemensma 1-0. Twadde acht: Pieter Hoogterp (De Gaastmar) - Cor Kooistra (Nijlân) 0-1, Tjerk Wijbinga (Arum) - Sjoerd Jan Bakker (Snits) 0,5-0,5, Willem Hoekstra (Aldegea SWF) - Klaas Wiersma (Nijbeets) 0-1; Kooistra  - Wijbinga 0-1, Bakker  - Hoogterp 0,5-0,5, Wiersma  - De Vries 0-1. Tredde acht: Bauke Dijkstra (De Tynje) - Sjoerd Couperus (Snits) 1-0, Fedde Wiersma (Easterein) - Jappie de Jong (Blauhús) 1-0, Harmen Westra (Lollum) - Liuwe Westra (Lollum) -, Rein Jan Walinga (Aldegea SWF) - Piet Sikma (Hartwert) 1-0; twadde omloop: Couperus - Wiersma 1-0, De Jong - Dijkstra 1-0, Liuwe Westra - Walinga -, Sikma - Harmen Westra 0-1.