FNP: ‘Wetterskibaan Potten giet ten koste fan deirekreaasje’

SNITS - In Outdoor ûndernimmer hat plannen foar in wetterski-kabelbaan by rekreaasjegebied De Potten by Offenwier. De FNP Fraksje yn Súdwest-Fryslân is poer tsjin dit plan yn it foar deirekreanten populêre gebied.

Neffens it kolleezje fan Boargemaster en Wethâlders bliuwt der genôch plak oerbliuwt foar de deirekreaasje. De FNP is it dêr net mei iens en wol dat de hûnderten bern, jeugd, âlderen en oare rekreanten dy’t hjir altyd graach komme, yn alle rêst genietsje kinne. FNP riedslid Klaas Visser: ,,We wienen yn it ferline, en binne noch altyd, tsjin in wetterskibaan op dit plak, dan is it dien mei de deirekreaasje by De Potten foar de eigen ynwenners en ús gasten.  Sy sille earne oars hinne gean, it rekrearren ticht by hûs op in fertroud plak is dan foarby”. Neffens de FNP binne der bettere plakken op ‘e Snitsermar as oar wetter yn de wetterrike gemeente Súdwest-Fryslân. De skibaan giet ek nochris te koste fan de farrûte foar kano’s, wêr’t in bulte jild yn ynvesteard is. Jierren lyn wiene der ek al plannen om op kommersjele basis aktiviteiten ta te stean. Dat is doe altyd mei reden keard troch de gemeente Snits. Swimstrân De Potten is koartlyn troch Deputearre Steaten oanwiisd as feilige swimlokaasje. Visser: ,,Dat wolle we graach sa hâlde”.