Dat is praat fan âlde fize mantsjes

Scharnegoutum - De Stadige Strikers kamen moandeitejûn aardich man en frou-machtichop it Swettehûs ta. Trije stapten foar de earste kear dit seizoen de dambar yn. En der wie in nijkeap: Hinke Heeringa. Moai wat dammers en der waard prachtich en spannend damme. Men soe it der waarm fan krije kinne. Mar de measten hienen it waarm troch de hege temperatuer yn it Swittehûs. Ien fan de de sjongsters dy’t efkes lâns kaam oan de bar, kleide der ek oer dat se it sa waarm hie. “Dan moat se de klean útdwaan” sei in dikke santiger. ,,Myn frou soe sizze, dat soks echt praat is fan fize âlde mantsjes!”, murk in oar op.

No waarden der wol guon Strikers yn figuerlike sin útklaaid. Sa striek ús benjamin, Sven Kalsbeek, hiel sterk en rekke in houtsje foar tsjin âlde rakkert fan in Tsjerk Wiersma. Sven soarge der wol foar dat Tsjerk net wer op gleed komme koe. Hy klaaide Tsjerk net fierder út, mar hold syn houtsje foar en sa pakte er in prachtich punt. Oan ‘e ein fan ‘e jûn, Tsjerk lei miskien al op ien ear, die bliken dat er dat útklaaien  ek letterlik nommen hie, want syn fest hong noch oer de bekling fan de stoel. De mannen sieten lang oer de partij gear, mar beide genieten folop fan it spul. Grutte ôfruilen, mar wol lyk bliuwe. In daam yn it spul, dy’t ek wer útskeakele waard. Der siet fan alles yn de partij. Yn it einspulstienen de houtsjes fan Rients Winia krekt efkes wat foarliker as dy fan Bauke Bos. As jo hout wat foarliker stiet, is men ek earder op de daam. Sa rûn dizze partij ek ôf: in daam, ek wol wolf neamd, fan Winia, dy as in grutte slokop it iene houtsje nei it oare opfriet. Se wienen der wer: Bauke de Boer en Hennie de Haan. De earste twa kear moasten se ferstek gean litte, mar no koe it wer heve. De kompetysjelieder sette se fuort tsjin elkoar. De iene woe net foar de oar ûnder dwaan en sa einige dizze partij yn kamp. De ienige fan de hiele jûn. Dat is it moaie fan it Fryske spul: it giet hast altiten om de dea as de gladioalen. De Boer en Hennie woenen neat fan beiden, mar dielden dus it punt. De hiel simmer hat se yn de lear west by Tineke Teigeler en moandei ferskynde se by de Strikers: Hinke Heeringa út Sibrandabuorren. Foarich damskoft brocht se al in kear in besoekje oan de klup en no wie se der dan út echt. Se moast it opnimme tsjin Tineke en ferlear. Dy Tineke is fansels ek net gek en striek krekt in bytsje sterker as yn de oefenperioade. Dy hat fansels  tocht: “Elk puntsje is binnen!” Hinke liet har likegoed loovjend út oer it Fryske spul. Der damme no wer fjouwer froulju by de Strikers, mar net ien fan harren komt út Skearnegoutum sels. Hoe sit dat Skearnegoutumer froulju, litte jim jim in pyk sette troch Sibrandabuorren en Snits? Lit sjen dat jim ek wol in poepke damme kinne. It moat sein wurde dat Willem Schaap it slachje der moai yn skode, mar in man as Bauke Dykstra mei der net yn rinne fansels. Dat die er dus wol en sa fertsjinne Willem syn punt. Twa dammers koenen net yn har eigen klasse spylje en dêrom dienen se tsjin elkoar. Foarsitter Cor Kooistra krûpte yn syn âlde fak om in oar wat te learen. Marjolijn bliek moai happich te wêzen. Se woe wol it ien en oar leare. It hie har de wyks derfoar skoan foldien dat Tsjerk earst in pear potsjes foar de aardichheid spile hie, wylst er wat oanwizingen joech. It echte wurk wûn se doe. Moandei hoegde se net út echt, mar leare en oefenje woe se wol. Utslaggen: Bauke de Boer – Hennie de Haan ½ - ½; Rients Winia – Bauke Bos 1 – 0; Tsjerk Wiersma – Sven Kalsbeek 0 – 1; Hinke Heeringa – Tineke Teigeler 0 – 1; Harry  Postma – Dicky vd Meer 0 – 1; Kees Willem Koopmans – Jacob Visser 0 – 1; Jelle Wiersma – Ype Boelens 1 – 0; Bauke Dykstra – Willem Schaap 0 – 1;