Plechtige Maria Tenhemelopneming yn Greonterp

GREONTERP -  Sawat 60 besiters kamen freed 15 augustus fan hein en fier nei Greonterp om ‘Maria Tenhemelopneming’ te fieren. In plechtige jierlikske byienkomst yn neitins oan Maria-oanbidder Gerard Reve, dy’t hjir wenne en syn beste wurk skreaun hat.

Earst wie der blomlizzing en it opstekken fan kearsen by it Maria alter yn de Sint Vitustsjerke yn Blauhûs. As wolkom liede Hans Galema de klok yn Greonterp en skonken Teigetje en Woelrat reade wyn. Hjirnei wienen der ferskate foardrachten fan yndrukwekkende en humoristyske teksten en gedichten fan Reve. Dichteres Neeltje Maria Min wie te gast en lies foar út Op Weg Naar Het Einde. Bysûnder wie ek de Aria ‘He was despised and rejected’ út de Messiah fan Händel, songen troch Kathleen Ferrier, dy’t tusken de foardrachten troch fanôf de terp fier it fjild oer klonk. Nei ôfrin wie der in neisit yn kafee ‘de Freonskip’ fan Blauhûs. Hjir konkludearre organisator Hester Witteveen: ,,It is en bliuwt bysûnder, sa eigen en ek sa yntiem, takom jier organisearre we de 8e edysje, dat is wis."