Henk Haanstra wint Frysk damkampioenskip Sânfurd

Sandfirden - It 13-e kampioenskip Fryskdamjen op Sânfurd is wûn troch Henk Haanstra fan Aldegea-SWF. Hy wûn alle seis de omlopen.

Under mear troch âld-kampioen Jelle Wiersma en kampioen fluchdamjen Folkert Groenveld te ferslaan.   Der waard troch de 32 dielnimmers fûleindich damd en hast gjin inkeld spul waard kamp. Willem Hoekstra, ek al fan Aldegea, wûn it yn de twadde groep. Sterk wie it damjen fan Sjouke Attema fan De Gaastmar mei in 10-e plak op de einlist. En thúsdammer Murk Nijdam fan Wommels makke yndruk mei moaie kombinaasjes en de winst yn de tredde klasse. De útslaggen, mei tuskenheakjes de stân op de einlist:   Eareklasse-I1.Henk Haanstra, Aldegea-SWF(1.); 2.Jelle Wiersma, Wommels(2.) 3.Folkert Groenveld, Jutryp(5); Eareklasse-II 1.Willem Hoekstra, Aldegea-SWF(2.); 2.Fedde Wiersma, Easterein(4.); 3.Bauke Dijkstra, Tynje(6.); Haadklasse A 1.Rein Jan Walinga, Aldegea-SWF(11.); 2.Marcel Altena, Blauhús(14.); 3.Bernard Kroon, Blauhús(15.); Earste Klasse 1.Sjouke Attema, De Gaastmar(10.); 2.Herman Terwisscha van Scheltinga, Nijlân(12.); 3.Johannes Hoekstra, Aldegea-SWF(16.); Twadde Klasse 1.Beke Haanstra, Aldegea-SWF(20.); 2.Jan Nauta, Bitgummole(24.); 3.Sietse de Jong, Aldegea-SWF(30.); Tredde Klasse-I 1.Jolke Groenveld, Sânfurd(22.); 2.Lammert Stegenga, Aldegea-SWF(26.); 3.Fokke Walinga, Aldegea-SWF(27.); Tredde Klasse-II 1.Murk Nijdam, Wommels(25.); 2.Klaas Weerstra, Sânfurd(28.); 3.GertJan van der Kamp, Jorwert(29.);