Sjuery Gysbert Japicx 2015 beneamd

LJOUWERT - De sjuery foar de Gysbert Japicxpriis foar Fryske Literatuer 2015 is beneamd. De fiif leden meie teset oer proazaút 2011 oant en mei 2014. De priiswurdt ienris yn de twa jier útrikt, om bar foar proaza en poëzij. Yn 2013 gie de priis nei Jacobus Q. Smink, foarsyn bondel Sondelfal.

  De sjueryledenbinne: Yvonne Dijkstra (Nes D, 1974) Studearre Nederlânsk en Frysk yn Grins en is dosint kommunikaasje op de Hanze Hogeschool yn Grins. Dijkstra skriuwt boekbesprekken foar it Friesch Dagblad, en skriuwt foar tydskrift De Moanne;   Kester Freriks (Djakarta, 1954) Is romanskriuwer, dichter en essayist. StudearreNederlânsk oan de Universiteit van Amsterdam en wurke as oersetter en akteur. Yn 1979 ferskynde syn debút Grand Hotel Lembang. Foar NRC Handelsblad skriuwt er toanielresinsjes, skôgingen, reportaazjes, natuersênes en reisferhalen.   André Looijenga (Tersoal, 1982) Redakteur fan it Frysk literêr tydskrift Ensafh, essayist en oersetter. Foar de universiteit fan Grinswurket er oan it better tagonklik meitsjen fan ier-moderne histoaryske en wittenskiplike teksten. Hy hâldt him dwaande mei de kulturele en sosjale skiednis fan taal, literatuer en foarming fan identiteiten. Yn 2012 wie er sjuerylid foar de Obe Postmapriis;   Doeke Sijens (Hantum, 1955) Haad fan de Centrale Bibliotheek yn Grins. Syn debútbondel Nei itlân fan palmerûzjen ferskynde yn 1995. Hy siet tsien jier yn de redaksje fan Trotwaer en letter De Moanne. Yn 2002 krige er de Fedde Schurerpriis foar syn biografy fan Reinder Brolsma. Sijens is literêrresinsint by de Ljouwerter Krante.   Marga Waanders (Hengelo, 1959) Studearre Nederlânsk en Dútsk oan de learareoplieding UbboEmmius, en Nederlânske taal- en letterkunde oan de Ryksuniversiteit fan Grins. Se wurke as dosint Nederlânsk yn it middelber ûnderwiis, it mbû en oan ‘e NHL. Se wie ûnder oare bestjoersfoarsitter fan de Stichting Herdenking J.J. Slauerhoff. Marga Waanders is hjoeddedei boargemaster fan de gemeente Dongeradiel.