Einekuorebeurs yn Trilker Poppenwier

POPPENWIER - Yn De Trilker yn Poppnwier is sneon van 10 oant 16 oere in einekuorebeurs.

De beurs is organisearre troch de Feriening fan Einekoerflechters ‘De Strampel’. Op dizze beurs demonstrearje in tolftal flechters de keunst fan it koermeitsjen. Der binne ek kuorren te keap. De jonge feriening, oprjochte yn 2012, telt 65 entûsjaste leden. De tradysje fan it koerflechtsjen is al ieuwen âld. De leden wolle de keunst fan it flechtsjen libben hâlde en it oantal beoefeners fan dy prachtige aktiviteit fergrutsje. Yn it ôfrûne jier joech de feriening hiel wat demonstraasjes en learden 240 minsken it flechtsjen. In prachtige gelegenheid om kennis te meitsjen mei dizze âlde folkskeunst. www.de-strampel.nl